Stasjon Amsterdam Sloterdijk (Ass) is in spoarweistasjon yn de stêd Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân en waard iepene yn 1983 oan de steatsline K (Amsterdam sintraal - De Helder) de Alde Line (Amsterdam sintraal - Rotterdam Sintraal) en de Westtak Ringspoarbaan (Amsterdam sintraal - Skiphol Airport).
Skiednis
Fan 1890 oant 1905 bestie der oan de âlde line in halte Sloterdijk, destiids noch gemeente Sleat. Op 3 juny 1956 waard tichtby it doarp Sloterdijk oan de spoarline Amsterdam - Haarlem in foarstêdshalte iepene om in bettere oansluting fan de westlike stedswiken op it spoarnet te krijen.
Yn 1983 waard it earste part fan in nij stasjon iepene, noardwestlik fan de besteande lokaasje, oan de yn dat jier iepene omlizzing fan de spoarline fia de Hemtunnel nei Saandam. Dit stasjon krige tydlik de namme "Sloterdijk Noard" ta ûnderskieding fan it stasjon oan de âlde line, dat "Sloterdijk Súd" hjitte soe. Nei't yn 1985 ek nije rûte fan de âlde line fia Sloterdijk Noard ree kaam, waard it stasjon "Sloterdijk Súd" sletten en bleau it hjoeddeistige stasjon Sloterdijk oer.
Yn 1986 waard Sloterdijk in krusingsstasjon op twa nivo's doe 't ek de nijboude Westtak Ringspoarbaan nei Lofthaven Skiphol iepene waard. De arsjitekt fan it nije stasjon is Harry Reijnders.
Yn 1997 kaam ek de Ringline, metroline 50, nei Sloterdijk en krige syn einpunt by de Isolatorwei. Sûnt 3 maart 2019 wurdt dit stasjon ek oandien troch metroline 51, dy't fan dy datum ôf fan stasjon Súd nei Isolatorwei ferlein is.
Yn 2003] kaam súdwestlik fan it stasjon Sloterdijk de Hemboog ree, doe noch sûnder stopplak. De plande perrons wiene fuort besunige. Yn it ramt fan de plannen foar Regionet binneyn de jierren 2007 en 2008 dochs noch oanlein. It middenperron oan de Hemboog waard op 14 desimber 2008 yn gebrûk naam. It leit apart, op in pear hûndert meter ôfstân fan it haadgebou. Neffens it oarspronklike plan soe it in apart stasjon wurde Amsterdam Sloterdijk Hemboog. It waard lykwols offisjeel ûnderdiel fan stasjon Amsterdam Sloterdijk. Dit betreft de namme, de spoar nûmering (spoaren 9 en 10), de ôfreisteaten dy't yn beide parten alle treinen fermelde, en de 60 - minuteregel. Itselde jildt by de twa helten fan stasjon Amsterdam Muiderpoort.
Treinferbinings
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|