De slokterm fan de minske is om-ende-by 25 sintimeter lang en trochstrings 2 sintimeter dik. Hy begjint yn de kielholte en einiget yn de mage. Der sit in slútspier (cardia) ûnder yn de slokterm dy't foarkomme moat dat de ynhâld fan de mage werom streamt nei de slokterm.
Twa soarten spieren soargje foar de gearlûkende beweging (peristaltyk) fan de slokterm, dy't it iten nei de mage beweecht en by spuien krekt de oare kant op triuwt.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!