Der binne twa brêgen oer de Skarster Rien: De Skarster Rienbrêge yn de A6 en in brêge yn Skarsterbrêge, dy't nei dizze brêge neamd is.
Bewesten Skarsterbrêge stiet oan de súdkant fan de Skartser Rien de Skarremole.
Eardart it kanaal de Langwarder Wielen berikt komt it foarby Boarnsweach, wêr't in fyts- en fuotfear foar in ferbining soarget mei in rekreaasjegebiet.
De namme Skarster Rien jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Scharster Rijn.