Skânsspringen is in sport dy't al fan de earste edysje fan de Olympyske Winterspullen ôf op it Olympyske programma stiet.
Skiednis
Fanôf 1924 oant de Spullen fan 1964 waard der alinne sprongen op de Grutte delgong. Yn 1964 waard de gewoane delgong op it Olympyske Programma opnommen. De twadde fernijing kaam yn 1988 doe't der in lannewedstriid by kaam. Krekt foar de Spullen fan Fenkoever waard bekend dat der by de Spullen fan 2014 yn Sotsy it skânsspringen foar froulju op it programma komt.