Löw kaam út in Dútsk-joadske famylje, hy wie in soan fan Hirsch Löw en Fanny Ehrmann. Yn de jierren 70 fan de 19e iuw fêstige er him mei syn skoansuster Sophia Herz (1852-1940) yn Amsterdam, dêr't sy harren Spiegelfabriek, Magazijn van Schilderijen en Encadrementen iepenen. Se setten dêrmei in saak troch dy't yn 1869 oprjochte wie yn Dútslân en om 1900 hinne de namme Atelier Hertz krige. [1] Yn de jierren 80 hat de saak twa lokaasjes yn Amsterdam, de spegelhannel oan de Heerenstraat en in keunsthannel oan de Herengracht. Löw makke as fotograaf cartes de visite, kabinetfoto's en stereofoto's. Hoewol't op de fotokartonnen de firmanamme Herz fermeld stie, is op it meastepart dêrfan in steande liuw mei wapen te sjen, mei op it skyld in haadletter S, wat lêzen wurde kin as S. Löw. [2]
Yn 1902 ferhuze it atelier nei de Prinsengracht. Löw ferstoar yn 1910 yn de âldens fan 64 jier.