Sebastiaan kaam mooglik út Súd-Frankryk en krige yn Milaan syn oplieding. Hy foege him as ofsier by de liifwacht fan keizer Diokletianus en Maksimianus. Fanwegen syn grutte prestaasjes waard er letter befoardere ta haadman fan de Praetoriaanske garde oan it keizerlike hof. Dêr manifestearre Sebastiaan him iepenlik as kristen en holp er kristenen yn need, lykas Markus en Marsellianus en Tiburtius dy't finzen sieten. Doe't Diokletianus fernaam dat Sebastiaan kristen wie, liet er him fan bôgesjitters delsjitte. Hja tochten dat er dea wie en lieten him lizze, mar in fromme widdo, de hillige Irene, dy't him ôflizze woe om him dêrnei te begraven, ûntdiek dat er noch libbe en lape him wer op. Nei't Sebastiaan wer by de tiid wie gyng er nei Diokletianus, dêr't er him op 'e nij ta it kristendom bekende. Diokletianus joech dêrnei it befel om Sebastiaan mei nei it sirkus te nimmen en him dêr dea te kneppeljen. It lyk fan Sebastiaan waard dêrnei yn de Cloaca Maxima smiten, in stedsrioel dy't op de Tiber útmûnet. Dêr waard er troch kristenen fûn, nei't er har yn in dream útlein hie wêr't syn lichem lei. De kristenen begroeven Sebastiaan yn de katakomben oan de Via Appia. Boppe it grêf waard al yn de 4 eiuw de tsjerke San Sebastiano fuori le mura boud, dêr't de reliken fan de hillige op 'e nij byset waarden.
Ferearing
Om't syn foarspraak al gau in ein makke oan de Pest fan Justinianus yn 680 yn Rome waard Sebastiaan oproppen tsjin de pest en oare epidemiën. Syn ferearing groeide benammen sûnt de 14e iuw, doe't de Swarte Dea Jeropa teheistsere. Hy is ek patroanhillige fan stjerrende minsken, izerhannelers, pottebakkers, túnkers, learloaiers, boarstelbynders, soldaten, kriichsynvaliden, wapensmeden, izer- en tinjitterijen, stienhouwers, jagers, lykdragers en boskarbeiders. Ek wurdt Sebastiaan oproppen tsjin de fijannen fan de Tsjerke.
Ikonografy
De hillige is te herkennen oan de pylken dy't yn syn lichem stekke. It martlerskip fan Sebastiaan komt al fan de 5e iuw ôf yn de byldzjende keunst foar, benammen as soldaat mei in spear, skyld en pylken yn syn hân. Fanôf de gotyk wurdt benammen yn Dútske en Nederlânske foarstellings de klam lein op it mei wûnen oerdekte meagere lichem fan de hillige. Ek komt fakentiden in foarstelling foar mei bôgesjitters, wylst de hillige oan in beam bûn is. Ien fan de redenen foar de fernijing fan de ferearing fan hilligen nei de midsiuwsen wie it suskesfol oanroppen fan de hillige tsjin de pest yn Rome nei 1348. Yn de renêssânse wurdt Sebastiaan dan as in stânfêstich ikoan fan manlike, adonis-eftige skientme útbylde.
LGBT
Sint-Sebastiaan is yn homoseksuele rûnten in populêre hillige. De kombinaasje fan syn sterke, neakene lichem, de symbolyk fan de pylken dy't syn lichem binnendringe en syn antlit fol langstme hawwe keunstners iuwen yntegrearre en sette yn de 19e iuw ek in earste homokultus yn gong.[1]
Feestdagen
Katolike tsjerken: 20 jannewaris
Protestantske tsjerken: 20 jannewaris
Otterdokske tsjerken: 24 oktober, 18 desimber.
Ofbylden
Peter Paul Rubens
± 1577, El Greco
1623, Gerrit van Honthorst
± 1677 Giovanni Battista Carlone (1603–1684)
1815, Johann Friedrich Overbeck (1789–1869)
1921, Erzsébet Korb
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sebastian (Heiliger)