Santa Maria del Mar (Barcelona)

Marije fan de See

Santa Maria del Mar

Lokaasje
lân Spanje
plak Barcelona
adres Plaça de Santa Maria, 1
koördinaten 41° 23'N 2° 10'W
Tsjerklike gegevens
aartsbisdom Barcelona
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1329-1383
boustyl gotyk
Webside
Side Santa Maria del Mar
Kaart
Santa Maria del Mar (Spanje)
Santa Maria del Mar

De Santa Maria del Mar (Hillige Marije fan 'e See) is in katolike tsjerke yn it Ribera-distrikt fan Barcelona, Spanje. De tsjerke is boud tusken 1329 en 1383 doe't it keninkryk Aragon mei hannel en seefeart in gouden tiid meimakke. De Santa Maria del Mar is in poerbêst foarbyld fan 'e Katalaanske gotyk. De relatyf koarte boutiid fan 'e tsjerke makke dat de styl oars as wenst by midsiuwske bouwurken tige suver en fan grutte uniformiteit is.

Skiednis

In stiennendrager.

Neffens de leginde soe de apostel Jakobus op it plak dêr't hjoed-de-dei de tsjerke stiet preke ha. Dat waard de oanlieding fan 'e bou fan in lytse kapel. In earste skriftlike fermelding fan de Marijetsjerke datearret út 998.

Mei de earste stienlizzing troch kening Alfons IV van Aragon op 25 maart 1329 sette de bou fan 'e tsjintwurdige tsjerke útein. In plakette yn it Latyn en Katalaansk oan 'e gevel nei de Fossar de les Moreres tsjûget dêrfan. De bou stie ûnder lieding fan 'e arsjitekten Berenguer de Montagut, dy't de tsjerke ûntwurp, en Ramon Despuig. Alle gilden fan it Ribera-distrikt diene mei oan 'e bou. Benammen de dragers fan 'e stiennen, de saneamde bastaixos, soargen foar in ûnbidige prestaasje. Harren grutte ynset waard priizge op in brûnzen plakette by it haadportaal en op 'e doarren binne reliëfs fan harren oanbrocht. De muorren, sydkapellen en gevels waarden yn 1350 foltôge, mar in brân ferneatige yn 1379 grutte dielen fan 'e bou. Op 3 novimber wie it safier dat de lêste stien lein waard en op 15 augustus 1383, op it feest fan Marije-Himelfeart, waard de tsjerke troch Pere Planella, biskop fan Barcelona, ynwijd.

In ierdskodding op 2 febrewaris 1428 feroarsake grutte skea en ferneatige it roasfinster yn 'e westlike gevel. It nije finster waard yn 1459 yn flamboyantstyl foltôge. In jier letter waard it brânskildere glês ynbrocht. De Sakramintskapel oan 'e apsis is in 19e-iuwske tafoeging.

Paus Pius XI ferliende yn 1923 de titel basilica minor. Oan it begjin fan 'e Spaanske Boargerkriich ferneatigen anty-klerikalen it 22 meter barokke heechalter en in diel fan 'e rest fan it ynterieur. De brân yn 'e tsjerke bleau alve dagen trochlôgjen, mar de tsjerke sels oerlibbe it geweld.

Eksterieur

Mei't de tsjerke ynsletten is troch de nauwe strjitten fan it Ribera-distrikt is it dreech in totale yndruk fan it eksterieur te krijen. Om't eartiids it tsjerkhôf oan 'e kant fan 'e Fossar de les Moreres en it Plaça de Santa Maria lei, is dat dêr noch it bêste mooglik. De westlike gevel makket in strenge en noftere yndruk, in typysk skaaimerk fan 'e Katalaanske gotyk. Troch twa steunbearen wurdt de gevel dêr yn trijën ferdield. Bylden fan Petrus en Paulus krigen dêr in plak yn de nissen oan beide kanten fan it westlike portaal. It timpaan toant Jezus mei oan wjerskanten Marije en Jehannes. De slanke achthoekige noardwestlike toer waard yn 1497 foltôge, de oare toer pas yn 1902.

Ynterieur

Byld fan Santa Maria del Mar.
Ynterieur.

De trijeskippige tsjerke foarmet ien grutte romte sûnder dwersskippen. In arsjitektoanyske begrinzing tusken it koer en it haadskip ûntbrekt. It ienfâldige ribferwulft wurdt droegen troch smelle achthoekige pylders. Hege finsters yn de ljochtbeuk meitsje in oerdiedige ljochtfal mooglik.

Fanwegen de brân as gefolch fan it anty-klerikale geweld yn 1936 binne der hast gjin bylden mear yn 'e tsjerke te sjen, sa't dy wol yn oare grutte goatyske tsjerken fan 'e stêd steane. It meast noch moat de tsjerke it barokke heechalter misse, in keunstwurk fan Deodat Casanoves en Salvador Gurri.

De brânskildere ramen fan 'e tsjerke stamme út ferskate perioades. Fan 'e orizjinele ramen bleau allinne de Himelfeart en it Fuotwaskjen bewarre en in pear geometryske motiven yn 'e apsis.

Oargel

It oargel is in histoarysk ynstrumint dat troch de Dútske oargelbouwer Grenzing restaurearre waard. It ynstrumint hat 21 registers op twa manualen en pedaal.

Katedraal fan de See

De bou fan de Santa Maria del Mar foarmet de achtergrûn yn 'e roman "De Katedraal fan de See" fan Ildefonso Falcones. De bestseller waard yn 2006 publisearre en is sûnt yn in soad talen oerset, wêrûnder it Nederlânsk (Kathedraal van de Zee). It boek waard troch Netflix ûnder de titel "La Catedral del Mar" ferfilme.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Santa Maria del Mar


Read other articles:

هذه المقالة يتيمة إذ تصل إليها مقالات أخرى قليلة جدًا. فضلًا، ساعد بإضافة وصلة إليها في مقالات متعلقة بها. (نوفمبر 2019) ناتاشا بوروفسكي معلومات شخصية الميلاد 5 أغسطس 1924  باريس  تاريخ الوفاة 31 مايو 2012 (87 سنة)   مواطنة الولايات المتحدة  الحياة العملية المدرسة الأم كلية س

 

United States historic placeD. H. Lawrence Ranch Historic DistrictU.S. National Register of Historic PlacesU.S. Historic districtNM State Register of Cultural Properties Interior of the Lawrence Memorial, with the stone containing the initials D.H.L.Nearest citySan Cristobal, New MexicoCoordinates36°34′55″N 105°35′37″W / 36.58194°N 105.59361°W / 36.58194; -105.59361Area160 acres (65 ha)Built1891 (1891)ArchitectJohn Craig; et al.Architectural ...

 

D-8 Тип міжурядова організаціяЗасновано 1996Штаб-квартира Стамбул Вебсайт: developing8.org  D-8 у Вікісховищі У цій статті відсутній вступний розділ, що має містити визначення предмета і стислий огляд найважливіших аспектів статті. Ви можете допомогти проєкту, написавши преамб

This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Bibliothèque de l'Arsenal – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (June 2014) (Learn how and when to remove this template message) Entrance to the Bibliothèque de l'Arsenal Caserne des Célestins going along the building Bibliothèque de l'Arsenal seen ...

 

American politician Ralph Eugene UpdikeMember of the U.S. House of Representativesfrom Indiana's 7th districtIn officeMarch 4, 1925 – March 3, 1929Preceded byMerrill MooresSucceeded byLouis Ludlow Personal detailsBorn(1894-05-27)May 27, 1894Brookville, Indiana, U.S.DiedSeptember 16, 1953(1953-09-16) (aged 59)Arlington, Virginia, U.S.Alma materColumbia UniversityPurdue University Ralph Eugene Updike (May 27, 1894 – September 16, 1953) was an American lawyer, juris...

 

Kabupaten Kulon Progo KulonprogoKabupatenTranskripsi bahasa daerah • Hanacarakaꦏꦸꦭꦺꦴꦤ꧀ꦥꦿꦒSearah jarum jam dari atas : Waduk Sermo, Puncak Moyeng Girimulyo, Patung Nyi Ageng Serang di Wates LambangJulukan: Kota West ProgKota MenorehMotto: ꦲꦩꦩꦪꦸꦲꦪꦸꦤꦶꦁꦧꦮꦤHamemayu hayuning bawana(Jawa) Memperindah keindahan dunia[[File:{{{peta}}}|250px|Peta]]PetaKabupaten Kulon ProgoPetaTampilkan peta IndonesiaKabupaten Kulon ProgoKab...

Supermarket in Ohio, United States Jungle Jim's redirects here. For other uses, see Jungle Jim (disambiguation). Jungle Jim's International MarketCurrent logoIndustryGrocery storeFounded1971; 52 years ago (1971) in Hamilton, OhioFounderJungle Jim BonaminioHeadquartersFairfield, Ohio, United StatesNumber of locations2Area servedCincinnati, OhioWebsitejunglejims.comFootnotes / references[1] Jungle Jim's International Market, formerly Jungle Jim's Farmer's Mark...

 

Listes de films français ◄◄ 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2011 2012 2013 ►► Liste non exhaustive de films français sortis en 2009. 2009 Titre Réalisateur Acteurs Genre L'Armée du crime Robert Guédiguian Simon Abkarian, Robinson Stévenin Film dramatique, Film historique Arthur et la Vengeance de Maltazard Luc Besson Mia Farrow Fantastique, Aventure Bancs publics (Versailles Rive-Droite) Bruno Podalydès Denis Podalydès, Michel Vuillermoz Barbe bleue Catherine Breillat Dominique ...

 

The Oceania Swimming Association is the continental governing body recognised by FINA, for the national governing bodies of swimming, open water swimming, diving, water polo, synchronised swimming and masters swimming in Oceania. The body was established in January 1991 during the 1991 World Aquatics Championships in Perth, Australia. At the OSA Congress held in June 2008, Dennis Miller of Fiji was elected President of the organization.[1] The body will next meet during the 2009 World...

This article has multiple issues. Please help improve it or discuss these issues on the talk page. (Learn how and when to remove these template messages) This article relies largely or entirely on a single source. Relevant discussion may be found on the talk page. Please help improve this article by introducing citations to additional sources.Find sources: Isochronous signal – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (November 2020) This article inc...

 

Mi instan ramen. Makanan ringan, termasuk keripik kentang. Makanan olahan atau Makanan olahan tersier, adalah makanan siap saji yang komersial (sering melalui pemrosesan) untuk mengoptimalkan kemudahan konsumsi. Makanan jenis ini biasanya siap dimakan tanpa persiapan lebih lanjut. Mungkin juga mudah dibawa-bawa, memiliki masa sebelum kedaluwarsa yang panjang, atau kombinasi dari beberapa keunggulan tersebut. Meskipun makanan restoran memenuhi definisi sebagai makanan olahan, istilah ini jaran...

 

This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: High-pressure steam locomotive – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (October 2015) (Learn how and when to remove this template message) A high-pressure steam locomotive is a steam locomotive with a boiler that operates at pressures well above what woul...

Tịnh Biên Thị trấn in Vietnam Situering Provincie An Giang District Tịnh Biên Coördinaten 10° 37′ NB, 104° 58′ OL Foto's Portaal    Vietnam Tịnh Biên is een thị trấn[1] in het Vietnamese district Thoại Sơn in de provincie An Giang. Tịnh Biên ligt in de Mekong-delta. Zie ook Lijst van administratieve eenheden in An Giang Bronnen, noten en/of referenties ↑ Ministry of Public Information in Vietnam · · Plaatsen in district Tịnh Biên ...

 

1974 film The Amulet of OgumFilm posterDirected byNelson Pereira dos SantosWritten byNelson Pereira dos SantosFrancisco SantosProduced byNelson Pereira dos SantosStarringNey SantannaCinematographyNelson Pereira dos SantosEdited bySeverino DadáRelease date 1974 (1974) Running time112 minutesCountryBrazilLanguagePortuguese The Amulet of Ogum (Portuguese: O Amuleto de Ogum) is a 1974 Brazilian drama film directed by Nelson Pereira dos Santos. It was entered into the 1975 Cannes Film Festiv...

 

Iraqi footballer Ahmad Jassim Personal informationFull name Ahmad Jassim MohammedDate of birth (1960-05-04) 4 May 1960 (age 63)Place of birth IraqPosition(s) GoalkeeperSenior career*Years Team Apps (Gls)1980-1984 Al-Zawraa 1984-1986 Al-Rasheed 1986-1989 Al-Naft 1989-1991 Al-Zawraa 1991-1992 Al-Talaba 1992-1995 Al-Najaf FC International career1982–1989 Iraq Managerial career2021– Iraq (Goalkeeping coach) *Club domestic league appearances and goals Ahmad Jassim Mohammed (born 4 May 196...

Former South African Army unit This article has multiple issues. Please help improve it or discuss these issues on the talk page. (Learn how and when to remove these template messages) This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: 1 SWA Specialist Unit – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (Novembe...

 

Constituency of Negeri Sembilan, Malaysia Kuala Pilah (P129) Negeri Sembilan constituencyFederal constituencyLegislatureDewan RakyatMPAdnan Abu HassanBNConstituency created1958First contested1959Last contested2022DemographicsPopulation (2020)[1]71,004Electors (2023)[2]63,344Area (km²)[3]1,026Pop. density (per km²)69.2 Kuala Pilah is a federal constituency in Kuala Pilah District, Negeri Sembilan, Malaysia, that has been represented in the Dewan Rakyat since 1959. The...

 

Sir Edmund ShaaDied20 April 1488Spouse(s)Julian, Lady Shaa (maiden name unknown)IssueHugh ShaaMargaret ShaaKatherine ShaaFatherJohn ShaaMotherunknown Blue Plaque to Sir Edmund Shaa, by Mottram Church Sir Edmund Shaa or Shaw (died 20 April 1488) was a London goldsmith, Sheriff of London in 1475 and Lord Mayor of London in 1482. Shaa lent money to Edward IV and, as mayor (at least), was extensively involved in the coronation of Edward IV's brother Richard III. He was later knighted and made a m...

Questa voce sull'argomento stagioni delle società calcistiche italiane è solo un abbozzo. Contribuisci a migliorarla secondo le convenzioni di Wikipedia. Segui i suggerimenti del progetto di riferimento. Voce principale: Associazione Sportiva Dilettantistica Junior Biellese Libertas. Associazione Sportiva BielleseStagione 1977-1978Sport calcio Squadra Biellese Allenatore Roberto Gori Presidente Franco Petrini Serie C8º posto nel girone A. Maggiori presenzeCampionato: Schilirò (3...

 

Commune in Nouvelle-Aquitaine, FranceTilhCommuneLocation of Tilh TilhShow map of FranceTilhShow map of Nouvelle-AquitaineCoordinates: 43°34′34″N 0°50′02″W / 43.576°N 0.834°W / 43.576; -0.834CountryFranceRegionNouvelle-AquitaineDepartmentLandesArrondissementDaxCantonOrthe et ArrigansGovernment • Mayor (2020–2026) Annie Lagelouze[1]Area122.86 km2 (8.83 sq mi)Population (2021)[2]842 • Density37...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!