Samarra (Arabysk:سامراء) is in stêd yn Irak oan de eastigge fan de rivier de Tigris yn de provinsje Salah ad Din, sa'n 125 km benoarden Bagdad. Yn 2002 wennen dêr sa'n 201.700 persoanen. It histoarysk part fan Samarra is 2007 troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.
Samarra stean ek de tombes fan Ali al-Hadi en Hasan al-Askari, efterelkoar de tsiende en alfde sjiïtischeImams. Teffens hat it in timpel foar Mohammed al-Mahdi, de tolfde Imam of de 'Ferhoalen Imam'. De measte sjiieten leauwe dat er yn it ferhoalen bestiet en earst oan de ein fan de tiid wer ferrize sil.
Oktober 2004 ferôveren Amerikaanske troepen Samarra op 'en nij op it Iraaksk ferset.
Op 21 febrewaris 2006 bliezen soennitysk-fundamintalistyske militanten de koepel fan de al Askari-skryn op. Yn dat hillichdom lizze de alfde en tolfde imam fan de Tolfers, de belangrykste sjiïtyske streaming, bedobbe en it is teffens it plak dêr't de Mahdi of Tolfde Imam ferdwûn. De bomoanslach joech in soad argewaasje yn Irak. Der bruts religieus geweld út tusken sjiïten en soenniten yn de stêd mei as haadpersoan de sjiïtyske geastlik geastlik lieder Muqtada al-Sadr. Der binne doe sa'n 15.000 minsken dea rekke.
Op 13 juny 2007 binne twa minaretten fan it sjiïtyske Al Askari-mausoleum ynstoarten nei twa ûntploffings. It mausoleum leit tichteby de ferneamde gouden moskee fan Samarra, ien fan de meast wichtige hillichdommen yn Irak.