In de 15e iuw hie dit nije ferbûn net in soad ynfloed yn de Fryske polityk, dy't fral tusken Eastergoa en Westergoa spile. Mar doe't om 1500 hinne Gaasterlân, Opsterlân en de Stellingwerven by it ferbân kamen waard it ta in goa mei deselde rjochten as de oare twa. De lêste feroarings yn de gearstalling wienen it geargean fan Marderlân en Easterseesterlân ta de Lemster Fiifgea, letter Lemsterlân, wylst oarsom de Stellingwerven ta de gritenijen Eaststellingwerf en Weststellingwerf waarden.