Rûzje[1] (útspr.: [ˈruːʒə], likernôch: "rûû-zjuh") is in soarte make-up en in foarm fan kosmetika dy't brûkt wurdt om mear kleur oan 'e wangen te jaan en dêrmei in oantrekliker, sûner en jeugdiger foarkommen nei te bearen. De namme is in lienwurd op basis fan it Frânskewurdrouge, dat "read" betsjut. It wurdt mei in Ingelsk lienwurd ek wol blush neamd, dat "kaam" betsjut (yn 'e sin fan in reade holle), of blusher. Rûzje is in make-upprodukt dat tsjintwurdich hast útslutend troch froulju brûkt wurdt. It komt it meast foar as poeier, dat mei in kwastke op 'e hûd oanbrocht wurdt. Dêrnjonken wurdt it ek ferkocht as krêm (cream blusher), dat mei de finger oanbrocht wurdt, en as floeistof. Rûzje is gearstald út talkpoeier dat fermongen is mei in pigmint. De kleur is almeast in dûnkerder foarm fan 'e hûdskleur, dus rôze, read of brún.