Rynsburch wie in selsstannige gemeente oant 1 jannewaris2006 doe't er fusearre mei de gemeenten Katwyk en Falkenburch, ta de nije gemeente Katwyk mei goed 60.000 ynwenners. Rynsburch 17.110 ynwenners (2023).
Skiednis
Hoewol't der foar de jiertelling al minsken yn 'e omkriten fan Rynsburch wennen, wie der yn de 6e iuw pas sprake fan in echt doarp. De Friezen hienen har dêr doe fêstige en út archeologyske fynsten docht bliken dat sprake wie fan in elitêre delsetting. In tsjerklik geskrift út 750 sprekt fan 'Rudolfsheim dat no Rinasburg neamd wurdt'.
Op 10 augustus975 wûn greve Durk II by Rinasburg in strideraasje tsjin 'e opstannige West-Friezen. Ut tankberens stifte er in kapel foar de HilligeLaurentius.
Abdij
Begjin 12e iuw stifte Petronella fan Loataringen in abdij foar aadlike nonnen, njonken de Laurentiuskapel. Tritich abdissen soenen yn de rin fan de tiid de abdij bestjoerd hawwe. Yn 1570 waard it kleaster ferwoastge, mar de súdlike toer is bewarre bleaun.
Nijsgjirrichheden
Spinozahûske
Fan 1661 oant 1663 wenne de Nederlânske filosoof Baruch de Spinoza yn Rynsburch. Doe't yn 1896 in âld arbeiderswente te keap kaam, waard dat troch Willem Meyer identifisearre as it hûske fan Spinoza. It waard oankocht en yn 1897 oerdragen oan de Ferieniging It Spinozahûs, dy't it noch hieltyd beheart.
It hûske ferkeart yn minne steat en is as museum al sûnt 2001 sletten. Yntusken hat de Ferieniging foldwaande fûnsen winne kinnen om it gebouke te restaurearjen