De regio grinzget oan Mongoalje, Sina en Noard-Koreä yn it suden, de Grutte Oseaan en de Beringstrjitte yn it easten en de Noardlike Iissee yn it noarden. It Russyske Fiere Easten wurdt om utens gauris beskôge as part fan Sibearje, dochs wurde yn Ruslân as twa ûnderskate regio's sjoen, alhoewol't der foar it jier 2000 gjin fêste grinzen fan wiene. Yn de Sovjet-tiid waard de regio wol as Sovjet Fiere Easten.
Terminology
Yn Ruslân wurdt de regio ornaris oantsjut as "Fiere Easten" (Дальний Восток). Itjinge yn Fryslân bekend is as Fiere Easten, is de eurosintryske oantsjutting fan East-Aazje.
(Восточная Азия).
1922–1926: oblast Fiere Easten, dy't Transbaikal en de gûverneminten Amoer, Primorje, Kamtsjatka en Sachalin omfieme;
1926–1938: kraj Fiere Easen, dy't de hjoeddeistige krajs Primorje en Chabarov omfieme.
Oant 2000 hie it Russyske Fiere Easten gjin fêste grinzen. Mei de term "Sibearje en it Fiere Easten" (Сибирь и Дальний Восток) waard gauris ferwiisd nei de Russyske regio's eastlik fan de Oeral sûnder in fêste ûnderskaat tusken "Sibearje" en it "Fiere Easten".
It Federale distrikt Fiere Easten hat in oerflak fan 6,2 miljoen kante kilometer en beslacht in tredde fan it totale Russyske oerflak.
Geografy
It Russyske Fiere Easten wurdt yn it westen fan Jakûtsje skaaimerke troch it heuveleftige Midsibearysk Berchlân. Mei útsûndering fan it Leechlân fan Kolyma yn it noardeasten fan Jakûtsje is it gebiet reedlik bercheftich. De wiichtichste berchtmen binne it Jablonovyberchtme (súdwesten), it Stanojovberchtme (suden), Sichote-Alin (kraj Primorje), Dzjûgzjoerberchtme (westlik fan de See fan Ochotsk), Verchojanskberchtme (Sintraal-Jakûtsje), Tsjerkisberchtme (eastlik Jakûtsje) en it Sintraal Berchtme (Kamtsjatka). It heechste punt is de fulkaanKljûtsjevskaja Sopka mei in hichte fan 4.750 meter op Kamtsjatka, dêr't ek de grutste geiserdelling fan Jeraazje is.
It gebiet wurdt bedutsen troch Arktyske tûndra yn it noarden en taigabosk yn it sintrale part. Likernôch 75% is bedutsen mei permafrost. Yn it suden lizze de fruchtbere rivierdellings fan de Amoer en Ussoeri. Oare wichtige rivieren binne de Olenjok, Lena, Jana, Indigirka en Kolyma yn it noarden en de Anadyr en Kamtsjatka yn it easten.
It klimaat rint útien fan poalklimaat oant subtropysk mei temperatueren dy't útinoar rinne fan likernôch −50 °C yn de winter yn noardeastlik Jakûtsje oant 40 °C yn de simmer yn de súdlike rivierdellings fan de Amoer en Ussoeri.
Demografy
Befolking
Neffens de Russyske folkstelling fan 2010 telde it Federale distrikt Fiere Easten 6.293.129 ynwenners. It grutste part wennet yn de súdlike parten. It Russyske Fiere Easten hat in befolkingstichtens fan 1 ynwenner /km² dêr't er it ien fan de tin befolktste gebieten yn de wrâld mei is. De befolking fan it Fiere Easten is sûnt de ynstoarting fan de Sovjet-Uny drastyskm ôfnommen; likernôch 14% yn de lêste 15 jier. De Russyske oerheid besiket troch ferskate werbefolkingsprogramma's om it Fiere Easten op ien of oare manier te befolkjen. It grutste part fan de befolking bestiet út etnyske Russen en Oekraïners.
Stêden
75% fan de befolking wennet yn stêden. De grutste stêden binne: