Van der Velde is benammen ferneamd troch it foarsitterskip by SK It Hearrenfean. Mar foardat hy dêr oan de slach gie hie hy, tegearre mei syn heit en broer in gruthannel yn Bakkefean. Dy gruthannel is letter oernaam troch de Sligro Food Group.
Foarsitter by SK It Hearrenfean
Van der Velde begong by It Hearrenfean yn in perioade dat it net goed gong mei de klup. Hy folge de dokter Jan Steenhuizen op dy’t mei de klup in, foar die tiid, grutte skuld opboud hie. Van der Velde hat, tegearre mei inkele ûndernimmers út Fryslân, yn de neikommende jierren de skulden fuortwurke en fan It Hearrenfean in sûne klup makke.
Yn 1985 helle Van der Velde de doe noch ûnferneamde fuotbaltrainer Foppe de Haan nei It Hearrenfean. De Haan wie doe noch trainer by Stienwyk en moast Henk van Brussel opfolgje dy’t yn de fiif jier dat hy dêr wurke in namme opbout hie as in trainer dy’t mei syn ploech oanfallend fuotbal spile. De Haan begong net goed as trainer by It Hearrenfean en waard yn 1988 oan de kant skoot. Foppe waard doe de technysk direkteur fan de klup.
Yn dizze perioade gie Johan Cruijff fuort as technysk direkteur by Ajax, hjirop frege Van der Velde as Cruijff oan de slach woe as trainer fan It Hearrenfean. Cruijff wie goed ûnder de yndruk fan de fysje fan de klup, mar op it lêste stuit kaam ‘syn’ klup FK Barselona del, wêr’t hy doe hinne gien is. Uteinlik waard Ted Immers de nije trainer fan It Hearrenfean.
Under Ted Immers behelle It Hearrenfean yn it seizoen 1988/1989 in perioadetitel. Yn de neikompetysje kaam de klup thús tsjin NEC út Nymwegen ien doelpunt te koart om foar it earst yn de skiednis fan de klup nei de Earedifyzje te promovearje. Al foar dat Immers de perioadetitel binnen helle waard al bekend dat syn kontrakt net ferlinge waard en dat er fuort moast.
As opfolger fan Immers yn it seizoen 1989/1990 helle Van der Velde Ab Gritter oan, dy’t doe noch gjin trainerspapieren. Under syn lieding waard de earste perioade fan it seizoen noch wol helle, mar dêrnei gie it hurd mis. Gritter waard ûntslein troch Van der Velde en Go Ahead Eagles-trainer Fritz Korbach kaam no foar de groep te stean.
Korbach hie in namme heech te hâlde. Hy wie al mei fjouwer klups (FK Wageningen, PEC Swol, FK Folendam en FK Twinte) nei de earedifyzje promovearre, en dat soe him ek slagje mei It Hearrenfean. Op 30 maaie1990, nei in 2-0 oerwinning op Emmen, wie it safier, It Fean gie nei de Earedifyzje. Dêr soe it net lang bliuwe, mar ien jier. Doe ûnder Korbach de prestaasjes yn de Earste Difyzje ek net best wienen waard hy ûntslein en waard Foppe de Haan op ‘e nei de trainer fan It Hearrenfean. Foppe soe noch 12 jier de haadtrainer fan de klup bliuwe.
Under Foppe syn lieding waard yn 1993 fuort de finale fan de KNFB Beker helle. Tsjin Ajax waard dan wol mei 6-2 ferlern, mar it feest wie der net minder om. Ek promovearre de klup wer nei de Earedifyzje troch yn de neikompetysje mei 2-0 fan Fortuna Sitterd te winnen. De klup is oant no de dei nea mear fuort rekke út de Earedifyzje.
Yn 2006 naam Van der Velde ôfskied as foarsitter fan It Hearrenfean. Al mei al hat hy 23 jier de foarsitter west fan de klup. Yn de 23 jier dat Van der Velde foarsitter wie, feroare It Fean fan in middelmjittige Earste Difyzjeklup yn in Earedifyzje subtopklup. De skulden waarden sanearre, trainer Foppe de Haan waard nei de klup helle, der waard Champions League fuotbal spile en it Abe Lenstra Stadion waard boud, en útboud.
By syn ôfskie wie Van der Velde mei 23 jier de langstsittende preses fan in Nederlânske bettele fuotbalkup ea. It foarsitterskip fan SK It Hearrenfean waard fan him oernaam troch Koos Formsma.
Neist en nei it foarsitterskip
Riemer van der Velde wennet hjoeddedei mei syn frou Annie oan de mar yn Langwar.
Noch hieltyd is hy aktyf by It Hearrenfean. Mei syn frou giet hy de hiele wrâld oer as skout fan de klup, op syk nei spilers foar It Hearrenfean. Ek makket hy diel út fan de Rie fan Kommissarissen fan It Hearrenfean.
Ek hat Van der Velde yn de Rie fan Tasjoch en de Rie fan Bestjoer fan de KNFB sitten.