In retabel is in alteropset yn in roomsktsjerkegebou. In retabel bestiet fakentiden út meardere dielen, dy't folle binne mei skilderijen, reliëfs en/of bylden. De dielen fan retabels binne yn 'e regel mei knierbannen oan inoar fêstmakke. Sa ûntstiet der in sintraal diel mei oan wjerskanten syddoarren dy't iepene en sletten wurde kinne. Oarspronklik waard it retabel allinne op feestdagen iepene.
Betsjutting
It wurd retabel is ôflaat fan it Latynske wurd retro (efterkant) en tabula (boerd). In retabel is in paniel (of gearstalling fan meardere panielen) dat mei of sûnder predella op 'e oare kant fan 'e mensa (de altertafel) stiet. Bestiet in retabel út in middenstik en twa syddoarren, dan wurdt it ek triptyk neamd.
Untwikkeling
De earste fêste alterretabels ûnstiene pas yn 'e 11e iuw. Se tsjinnen ynearsten as kast foar in relikwy. De âldste, noch bewarre eksimplaren datearje út de 12e iuw. Allinne it haadalter waard oan it begjin mei in retabel útrist, mar letter krigen yn 'e gruttere tsjerken ek de sydalters in alteropset.
It romaanske alterstik wie noch relatyf lyts. Se wiene fakentiden fan stien of somtiden ek fan edelmetaal en fersierd mei reliëfs.
Yn 'e gotyk waarden de retabels grutter en ek riker fersierd mei fykwurk en skilderijen.
De renêssânse en fral de barok wie in tiid dat de alteropsetten sa grut waarden, dat se net mear op 'e mensa, mar efter it alter stean moasten. De meters hege barokke retabels krigen gjin doarren mear. Der bleau in sintrale foarstelling op doek, mar de rest wie in opbou fan houten of moarmeren pylders, wêrfan't de romten faak mei grutte bylden opfolle waarden.
By de byldestoarmen en de Frânske Revolúsje binne yn it noarden en westen fan Europa de measte midsiuwske retabels fernield, mar op plakken dêr't de reformaasje gjin poat oan 'e grûn krige, binne noch in soad âlde midsiuwske retabels bewarre bleaun.
Yn 'e rin fan 'e 19e iuw waarden wer in soad nije retabels boud yn neogoatyske styl.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Retabels fan Wikimedia Commons.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!