Ek yn 'e myten fan 'e net-Yndiaanske Inûyt fan noardlik Kanada en Grienlân en de mei har besibbe Jûpik en Aleoeten fan súdwestlik Alaska komt it personaazje fan Raven foar. Ferlykbere ferhalen binne ek bekend fan 'e Tsjûktsjen, it folk dat it Tsjûkotka-skiereilân yn it uterste easten fan Sibearje bewennet. Mooglik komt dat fuort út kulturele beynfloeding troch de Inûyt en Jûpik dy't behalven dielen fan Noard-Amearika en parten fan eastlik Sibearje bewenje.
Myten
Yn 'e mytology fan 'e Tlingit kinne twa ferskillende Ravens identifisearre wurde, hoewol't it ûnderskie net altyd like dúdlik is. De iene is de skepper-god, dy't ferantwurdlik is foar it ûntstean fan 'e wrâld en it bringen fan ljocht yn it tsjuster. De oare is de eigenikkige, slûchslimme, manipulative trickster. Neffens ien Tlingit-myte bewarre de Grutte Geast, nei't er alles skepen hie, alle dingen apart faninoar yn houten doaskes. Neitiid bejeftige er alle mindere godheden mei ien sa'n doaske, en doe't se dy iependiene, waard alle ynhâld kombinearre en kaam de wrâld ta stân. Seefûgel, lykwols, dy't it doaske krigen hie dêr't it ljocht yn siet, woe syn geskink foar himsels hâlde. Alle oare godheden fregen Raven om Seefûgel oer te heljen en jou it ljocht op, mar wat Raven ek die, freegjen, smeekjen, easkjen, flaaikjen of bedragen, Seefûgel hold syn doaske fêst ûnder in wjuk en wegere it ôf te stean. Uteinlik ferlear Raven syn geduld en dreau in toarne yn Seefûgel syn poat oant dy troch de pine it doaske falle liet. Dat briek iepen en sa kamen de sinne, de moanne en de stjerren te foarskyn, sadat de earste dei oanbrekke koe.
By de Haida komt Raven ek as skepper-god en as trickster foar, mar is er dúdlik ien en itselde personaazje. Neffens de skeppingsmyte fan 'e Haida wie Raven ris goed útrêste en hied er him bêst folfretten, en wist er net goed wat er mei himsels útfine moast. Doe fûn er in mokselskelp dêr't in stikmannich manlju yn finzen sieten. Raven iepene de skelp en liet de manlju derút, mar rekke al rillegau ferfeeld. Doe fûn er in oare skelp, dêr't froulju yn finzen sieten, en dy iepene er ek. Neitiid brocht er de manlju en froulju byinoar út nijsgjirrigens wat der dan barre soe, en mei de ynteraksje fan dy earste minsken koed er him in hiel skoft fermeitsje.