Silvestre Velez de Escalante, in SpaanskFransiskaansk misjonaris en ûntdekkingsreizger, wurdt beskôge as de earste Jeropeaan dy't it gebiet besocht yn 1776. Escalante hat dy earste Jeropeeske ekspedysje nei de oarekant fan de Great Basin woastyn beskreaun.
Provo waard ynearsten Fort Utah neamd doe't yn 1849 33 Mormoanske hûshâldings út Salt Lake City harren dêr fêstigen, mar waard yn 1850 ferneamd nei Étienne Provost (1785 – 3 july 1850), in Frânsk-Kanadeesk pelsjager (trapper) dy't yn 1825 yn dy kontreien tahold. De Slach by Fort Utah waard by Provo útfjochte yn 1850.