Propedeuze

De propedeuze of ek wol de propedeutyske faze, is yn Nederlân de earste faze fan in universitêre stúdzje of in HBO-oplieding. It wurd komt fan it Aldgrykske προπαίδευσις, propaídeusis ("foaroplieding"), fan προπαιδεύω, propaideúō, dat "ik jou tariedend ûnderrjocht" betsjut, fan πρό, pró ("foarôfgeande oan") + παιδεύω, ‎paideúō ("ik ûnderrjochtsje").[1]

Sûnt de ynfiering fan 'e twafazestruktuer yn it Nederlânske heger ûnderwiis, yn 1982, duorret in propedeuze yn prinsipe ien jier. De funksje fan 'e propedeuze is oriïntearjend, selektearjend en eventueel trochwizend (nei oare opliedings). Troch de ôfswakking fan it ûnderskie tusken universitêr ûnderwiis en it heger beropsûnderwiis is de term 'propedeuze' yn Nederlân gongber wurden foar it hiele heger ûnderwiis. Mei de ynfiering fan 'e bachelor-masterstruktuer, yn 1999, waard de propedeuze hanthavene. It stiet universiteiten en hegeskoallen frij om dizze learfaze al of net ôf te sluten mei in saneamd propedeutysk eksamen.

As in studint nei in jier alle stúdzjefakken helle hat, kin it propedeutysk eksamen ôflein wurde. Net alle opliedings hawwe lykwols sa'n eksamen. Yn it gefal dat der gjin propedeutysk eksamen is, kriget de studint syn saneamde propedeuzebul (yn it universiteitsjargon byneamd "P") oan 'e ein fan it earste stúdzjejier automatysk by it heljen fan alle fakken. As de studint de propedeuze net wit te heljen binnen de tiid dy't der foar stiet (yn 'e regel binne der útrinmooglikheden nei it twadde jier wylst al mei it twadde jier fan 'e stúdzje úteinset is), dan kriget er soms in negatyf stúdzje-advys. Giet it dêrby om in binend negatyf advys, dan moat er ferplichte mei syn stúdzje ophâlde. Wol kin er him dan op 'e nij ynskriuwe by in oare of deselde ûnderwiisynstelling en wer fan foarren ôf oan begjinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It lemma 'propedeuze' op Wictionary

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!