Prins Willem IV
|
|
De Prins Willem IV as de El Rey del Cocibolca yn Nikaragûa
|
algemiene ynformaasje
|
flagge |
Nikaragûa
|
thúshaven |
San José del Sur
|
oare namme(n) |
Brakzand (1986-2006), El Rey del Cocibolca (Sûnt 2006)
|
skiednis
|
werf |
Skipswerf Bijholt, Foxhol
|
oplevere |
1967
|
yn de feart |
1967
|
status |
Yn tsjinst
|
bysûnderheden en sifers
|
type |
Fearboat
|
lingte |
49.6 m.
|
breedte |
9,4 m.
|
djipgong |
1,4 m.
|
passazjiers |
1000
|
oandriuwing |
2 x 12 cyl Kromhout Diesel; na 1979 2 x GM 12-cyl diesel, 2 x 380 pk
|
maks. faasje |
11 knopen (20 km/o)
|
De Prins Willem IV is yn 1967 boud op skipswerf Bijholt yn Foxhol/Hegesân, foar rykswettersteat, dy't it skip yn brûklien joech oan Wagenborg dy't de feartsjinst útfierde. It skip waard neamd nei Prins Willem IV (1711 -1751). Hy waard de earste steedhâlder yn alle gewesten fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Oant 1986 fear it skip tusken Holwert en It Amelân. Dit bleau sa oant it ryk de feartsjinsten privatisearre. Doe waard it skip eigendom fan Wagenborg, dy't foar It Amelân twa nije skippen bouwe liet en ûnder oaren dit skip yngreven ferbouwe liet by Niesten-Sander b.v. yn Delfsyl foar de ferbyning mei Skiermûntseach en omdoopte yn Brakzand. It wie it twadde skip nei Skiermûntseach dat fear ûnder de namme Brakzand. Yn 2016 waard it skip ferkocht oan Nikaragûa en fart no ûnder de namme El Rey del Cocibolca op de mar fan Nikaragûa tusken it eilân Ometepe en it fêstelân mei passazjiers en bananen.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|