Poughkeepsie
|
|
Lokaasje Poughkeepsie (read) yn Dutchess County (lofts); rjochts de lokaasje fan Dutchess County yn de Steat New York
|
Bestjoer
|
Lân |
Feriene Steaten
|
steat |
New York
|
county |
Dutchess
|
Sifers
|
Ynwennertal |
32.736 (2010)
|
Oerflak |
14,81 km² (3,3 km² lân, de rest wetter)
|
Befolkingsticht. |
2.461,4 / km² (2010)
|
Hichte |
50 m
|
Oar
|
Stifting |
1687 (1799 doarp, 1854 stêd)
|
Tiidsône |
UTC-5
|
Simmertiid |
UTC-4
|
Offisjele webside
|
cityofpoughkeepsie
|
Poughkeepsie, offisjeel de City of Poughkeepsie, is in stêd yn de Amearikaanske steat New York. De stêd is it bestjoerlik sintrum fan Dutchess County. De stêd Poughkeepsie moat net betize wurde mei de town (plattelânsgemeente) yn Dutchess County mei deselde namme. Poughkeepsie leit oan eastlike kant fan de Hudson healwei tusken New York City en Albany.
Skiednis
De namme stamt út de taal fan de Wappinger en betsjut safolle as "it mei reid dutsen ûnderkommen by it lytse wetter", dat ferwiisde nei in lytse boarne dy't yn de Hudson útkomt súdlik fan de hjoeddeiske binnenstêd fan it plak.
Poughkeepsie hie net te lijen fan de Amearikaanske Unôfhinklikheidskriich en soe fuort nei dy tiid New York's twadde haadstêd wurde.
Nei de oankeap fan it gebiet fan de yndianen setten Nederlanners harren yn de 17e iuw nei wenjen op it plak. It gyng de delsetting goed en yn 1720 waard der in herfoarme tsjerke boud.
Eartiids foarme de ferwurking fan walfisken in wichtige boarne fan ynkommen. Letter droegen de skipfeart, papiermûnen en bierbrouwerijen by oan de ekonomy fan de stêd. Hjoeddedei is IBM in grutte wurkjouwer.
Om't it plak net fier fan New York City leit en de omjouwing fan Poughkeepsie in oantreklik lânskip biedt, lieten rike famyljes lykas de Astors en de Vanderbilts dêr harren bûtenferbliuwen bouwe.
De grutte brêgen Mid-Hudson Bridge en de Walkway over the Hudson (in eardere spoarbrêge) behearskje it stedsbyld.
Ofbylden
-
Mid-Hudsonbrêge
-
Herfoarme tsjerke
-
De eardere spoarbrêge
-
Violet Avenue Skoalle
Lju út Poughkeepsie
Berne yn Poughkeepsie
Stoarn yn Poughkeepsie
Boarnen, noaten en referinsjes