De hillige Plektrudis of Plektruda († 10 augustus725, Keulen) wie troud mei Pippyn fan Herstal. Yn dit houlik waarden twa soannen berne, Drogo en Grimoald, wêrfan Grimoald boaske mei de dochter fan kening Redbad. Tegearre mei har man stifte sy in protte tsjerken en kleasters. Oant de dea fan Pippyn wienen hja tegearre belutsen by de lânspolityk, en nei syn dea bleau hja dêryn aktyf. De ein fan it konflikt mei har styfsoan betsjutte yn 717 lykwols dat hja har macht ôfstean moast, wêrnei hja har werom luts yn it kleaster fan Keulen.