De Republic P-47 Thunderbolt (bynamme "Jug") wie in ienmotorige jachtfleanmasine fan de USAAF dy't yn de Twadde Wrâldkriich in protte brûkt wurden is.
It tastel wie yn it earstoan ornearre foar loftfjochterij en it eskortearjen fan bommesmiters, mar it die bliken dat it likegoed as better foar grûnoanfallen foldie. Neist de Feriene Steaten hiene ek oare alliearde loftmachten it tastel yn harren arsenaal. It ûntwerp wie fan Alexander de Seversky en Alexander Kartveli.
Untjouwing
De Republic Aviation Company kamen ta it beslút dat har prototypes XP-44 en XP-47 ynferieur wiene fergelike mei de Dútske jagers by it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich. Sy ferbetteren it ûntwerp en lang om let late dat ta de XP-47A. Dat prototype waard folslein feroare ta de XP-47B, dy't suver gjin oerienkomsten mear hie mei de A-fariant, troch de Amerikaanske loftmacht beteld waard yn juny1940. It wie in noflik tastel foar de piloat, de cockpit hie bygelyks airconditioning.
Fanwege de yngewikkelde turbosupercharger waard de romp fan it tastel frijwat djip. De wjukken waarden dêrtroch relatyf heech set. De grutte diameter fan de propeller, 3.7 m, betsjutte dat it lâningsgestel tige lang wurde moast. Om dat op te lossen koe it lâningsgestel 230 mm útskood wurde middels in teleskoop-meganisme. It tastel waard sa de swierste jager ea makke. De XP-47B fleach foar it earst op 6 maaie1941 en makke in soad yndruk wat fleaneigenskippen oanbelange.
Wylst Republic besocht om problemen mei rolroeren, masinegewearen, brânstofsysteem en ûntstekkingssysteem te helpen, bestelde de USAAF al 171 P-47B's; it earste prototype waard yn desimber 1941 levere.
Operasjoneel
De P-47C wie de earste fariant dy't brûkt waard foar in gefjochtsmissy ein juny 1942. Der waarden letter ferskate oanpassingen dien dêr't de P-47D út ûntstie; dêrfan binne de fierwei de measten makke, nammentlik 12.602.
Nei WKII binne der in soad tastellen oan Súd-Amerikaanske lannen levere oant yn de jierren 60. Der binne in totaal fan 15.686 Thunderbolts boud. In lyts oantal is hjoeddendei noch fleanree.