Otto I fan Saksen

Otto I fan Saksen

Otto (om 830/840 hinne - 30 novimber 912), letter troch skriuwers de Ferljochte neamd, wie in lid fan de dynasty fan de Ottoanen en wie hartoch fan Saksen fan 880 ôf oant syn dea.

Famylje

Otto wie in jongere soan fan de Saksyske greve Liudolf (ferstoarn yn 866), de stifter fan de dynasty, en syn frou Oda, dochter fan de Saksyske princeps Billung. Syn âldste broer wie Bruno, dy't de erfgenaam wie fan syn heit syn eigendommen. Syn suster wie Liutgarde, dy't yn 876 keninginne fan East-Frânsje waard, om't hja boaske mei de Karolingyske kening Loadewyk de Jongere. Dat houlik tsjutte de macht fan Liudolf oan yn it Saksyske gebiet.
Om 873 hinne boaske Otto mei Hedwych fan Babenberch, dochter fan de Frankyske princeps militiae Hindrik fan Babenberch. Otto krige mei har twa soannen, Tankmar en Liudolf, dy't al earder as him ferstoaren. Syn tredde soan Hindrik de Fûgelder folge him op as hartoch fan Saksen en waard letter keazen ta Dútske kening. Otto syn dochter Oda boaske mei de Karolingyske kening Swindybold fan Loataringen, soan fan keizer Arnulf fan Karintje. Otto syn famylje waard de Liudolfingers, nei syn heit, neamd. Doe't syn pakesizzer Otto de Grutte keizer waard, waard syn famylje de Ottoanen neamd.

Hearskippij

Neffens in privileezje fan kening Loadewyk de Jongere op 26 jannewaris 877 oan de Abdij fan Gandersheim waard de pago Suththuringa (goa fan Súd-Tueringen) omskreaun as in comitatu Ottonis (yn de greefskip fan Otto). Otto folge syn broer Bruno op nei't dy sneuvele wie yn de Slach op de Luneburger Heide (880) tsjin de Wytsingen. Yn de kroniken fan Widukind fan Corvey waard er de magni ducis Ottonis (grutte hartoch Otto) neamd. Yn 908 waard er fâd fan de Abdij fan Hersfeld.
Otto syn polityk bleau oars aardich beheind ta Saksen. Hy hie in goede relaasje mei kening Loadewyk de Jongere en letter mei keizer Arnulf en hy stipe keizer Arnulf wolris yn syn kriichstochten. En dy liet Otto fierders ek wol gewurde en bemuoide him fierders net mei Saksyske saken. Yn de Saksyske lannen, en ek yn de Slavyske gebieten beëasten Saksen, wie Otto de hearsker.
Neffens Widukind fan Corvey, hiene de "Saksyske en Frankyske befolking" Otto it keningskip fan East-Frânsje oanbean nei de dea fan de lêste Karolinger Loadewyk it Bern yn 911. Hy naam it lykwols net oan fanwege syn âldens, mar stelde hartoch Koenraad I fan Franken foar. Der wurdt lykwols drúske oan de wierheid dêrfan.
It oare jier ferstoar Otto yn de Palts fan Wallhausen en waard begroeven yn de tsjerke fan de Abdij fan Gandersheim. Hy waard troch syn soan Hindrik de Fûgelder opfolge.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!