Operaasje Nordwind

Operaasje Nordwind (31 desimber 194425 jannewaris 1945) wie it lêste grutte Dútske offinsyf oan it westfront tidens de Twadde Wrâldkriich en fûn plak yn de Elzas en Loataringen yn it noardeasten fan Frankryk. It offinsyf soarge foar politike spanningen tusken Frankryk en de Feriene Steaten, ek wol de "kontroverse fan Straasburch" neamd, mar dochs is it ien fan de minder ferneamde grutte operaasjes fan de kriich.

It doel fan it offinsyf wie om de liny's fan it Amerikaanske 7de Leger en it Frânske 1ste Leger yn de Fogezen troch te brekken en te ferneatigjen. Dêrmei soenen de Dútsers frij baan krije foar Operaasje Zahnarzt, in plan om it Amerikaanske 3de Leger út te skeakeljen, mar sa fier kaam it net om't de Amerikanen deryn slaggen de Dútske oanfallen ôf te slaan.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!