It plak waard foar it earst yn 782 neamd yn in skinkingsoarkonde fan de Abdij fan Sankt Gallen.
Stedsdielen
De gemeente is te ferdielen ûnder de Stadtteile Aistaig, Altoberndorf, Beffendorf, Bochingen, Boll, Hochmössingen en Oberndorf am Neckar.
Altoberndorf
Aistaig
Boll
Bochingen
Beffendorf
Hochmössingen
Oberndorf am Neckar (kearnstêd)
Wapens Stadtteile
Aistaig
Altoberndorf
Beffendorf
Bochingen
Boll
Hochmössingen
Oberndorf
Ekonomy
Yn 'e stêd binne trije wapenfabrikanten fêstige mei in lange skiednis. Yn 1811 festige kening Frederik I fan Württemberg de earste wapenfabryk yn it doetiidske Augustiner kleaster oan 'e rivier. Yn 1871, begûnnen twa wurknimmers, de bruorren Wilhelm en Paul Mauser, foar harsels. Tsjintwurdich hat Rheinmetall der in pear fabriken, dêr't Mauser yn 2004 yn opgien is, mei ûngefear 300 wurknimmers. Heckler & Koch (H&K) hat syn fabriken dêr ek. H&K is in wrâldferneamde hânfjoerwapenfabryk en -eksporteur. Mei in jieromset fan sa'n 200 miljoen euro en sa'n 700 wurknimmers is H&K de wichtichste wapenprodusint fan Dútslân en de grutste wurkjouwer fan 'e stêd. Dan is der noch Feinwerkbau, in lytsere spesjalist yn sportwapens.