Oat[1][2], ile hjouwer[3] of wylde hjouwer[2] (Avena sterilis) is in ienjierrige plant út de gerzefamylje (Poaceae) en is de foarâlder fan hjouwer. Oat komt fan natuere foar yn Europa oant Sintraal-Azië en Noard-Afrika. De soarte is ferspraat nei Noard-Amearika.[4]
Oat komt foar as ûntúch yn nôt, flaaks en koalsiedikkers en yn bjirmen, op diken en stoartplakken. It oantal gromosomen is 2n = 42.
Oat wurdt 60-120 sm heech en hat woartels oant in meter djip.[5] De keale raaien hawwe 2-5 knopen. De blêdskie is keal, mar de ûnderste binne faak ferspraat behierre. It tonkje is 3-6 mm lang mei in fluezige râne. It blêd is 10-50 sm lang, 4-10 mm breed en sawol oan de basis as oan de râne koart behierre.
Oat bloeit fan juny oant augustus. De bloeiwize is in 10-40 sm lange en oant 20 cm brede piramidefoarmige plom mei útsteande tûken en hingjende ierkes. In ierke hat 2-3 blomkes en is sûnder tsjêfnulle 16-25 mm lang. De as fan it ierke is behierre. De ripe fruchten falle ôfsûnderlik ôf. De ûnderste, lansetfoarmige, keale tsjelktsjefkes hawwe 7-9 nerven en binne like lang as it ierke. De ûnderste, lansetfoarmige kroantsjefkes hawwe sân nerven, binne 15-20 mm lang en hawwe oan de top twa koarte tosken. De ûnderste helte is beset mei stive, faak brune hierren. De knikte tsjêfnulle is 15-40 mm lang en yn it ûnderste diel draaid. De helmhokjes binne 3 mm lang.
De nôtfrucht is ticht behierre en 7-8 mm lang. Se bliuwe oant 20 jier kymkrêftich.
Nammen yn oare talen
De nammen yn oare talen:
- Dútsk: Tauber Hafer
- Ingelsk: Wild oat
- Sweedsk: Storhavre
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 678.
- ↑ 2,0 2,1 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1323..
- ↑ Franke, D. en Ploeg, D.T.E. van der, List fan Offisjele Fryske Plantenammen, Ljouwert, 1985 (Fryske Akademy), 3e printinge, s. 45.
- ↑ C.E. Hubbard: Grasses. A Guide to their Structure, Identification, Uses and Distribution in the British Isles. Penguin, Londen 1992, side 237. ISBN 0-14-013227-9
- ↑ Siegmund Seybold (Hrsg.): Schmeil-Fitschen interaktiv (cd-rom), Quelle & Meyer, Wiebelsheim 2001/2002, ISBN 3-494-01327-6
|