Nyckle Haisma

Nyckle Haisma

Nicolaas Jacobs Haisma (Ie, 18 maaie 1907 - Tjilatjap, 22 febrewaris 1943) wie in Frysk skriuwer.

Nei de jûnsskoalle en de ULO slagge Nyckle yn 1927 oan de kristlike kweekskoalle yn Dokkum. Underwilens hie er by de doe krekt oprjochte AFUK ûnder lieding fan Douwe Kalma ek al de Fryske Akte helle. De ryksbeurs dy't er oanfrege foar de haadakte joech him de ferplichting nei it beheljen fan de akte as ûnderwizer nei Nederlânsk-Ynje te gean.

Yn 1939 krige er in baan oan in u.l.o.-skoalle yn Cheribon op Java. Rillegau dêrnei waard Haisma yndield by de Lânstoarm en yn maart 1942, nei de kapitulaasje, bedarre de skriuwer as kriichsfinzene yn in Japansk ynternearringskamp yn Bandoeng. Yn in twadde kamp yn Tjilatjap skipe Haisma diftery, dêr't er op 22 febrewaris 1943 oan stoarn is. Nyckle Haisma leit begroeven op it earefjild Leuwigadjah op Java.

Nyckle Haisma debutearre yn 1927 yn "Yn ús eigen tael" mei twa proazasketsen. Fierwei it measte en it wichtichste fan syn literêre wurk hat Haisma yn Ynje en ûnder de yndruk fan syn ferbliuw yn de frjemdte skreaun: fersen, sketsen, in novelle, noch in (Hollânsktalich) berneboek en it wichtichste, syn dûbelroman oer Peke Donia, de koloniaal. Nei it ferskinen fan de novelle Simmer yn De Tsjerne is postúm oan him de Gysbert Japicxpriis takend, in earbetoan foar syn hiele oeuvre.

Wurk

  • Proaza
    • Paed oer’t hiem (1937)
    • Suderkrús - Yndyske sketsen (1938)
    • Paed nei eigen hoarnleger (1940)
    • Peke Donia, de koloniaal (1943)
    • Simmer (1948)
    • It lân forline (1951)
    • De wei nei it westen (1953)
  • Dichtwurk
  • Berneboeken
    • Simmerdagen (1933)
    • De Kar (1936)
    • Werkers (1942)
  • Ferskaat
    • Zuiderkruis (oerset nei it Nederlânsk troch Evert Siderius. Mei in wurd foarôf fan Douwe Tamminga)(1947)
    • De wrotters fan de Froskepôlle (oersetting fan Werkers, troch Douwe Tamminga) (1948)

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!