De Noardske Ried en de Noardske Ried fan Ministers is in gearwurkingsferbân fan Skandinavyske lannen. De ried waard yn 1952 stifte mei ta doel in mienskiplike arbeidsmerk, feiligens en it frij reizgjen sûnder paspoart yn 'e lidsteaten (inkeld foar ynwenners fan 'e lidsteaten).
It haadkertier fan de Ried sit yn Kopenhagen. Yn 'e oare lidsteaten binne der lytsere kantoaren. De Ried hat op himsels gjin foech; as de Ried mei in útstel komt, moat er earst goedkard wurde troch de parleminten fan de oanbelangjende lidsteaten.
Skiednis
De Noardske Ried is nei de Twadde Wrâldkriich stifte yn 1952. De earste resultaten wienen it foar mekoar krijen fan 'e frije merk ekonomy yn 'e lidsteaten. Oare resultaten binne it frij reizgjen yn 'e lidsteaten foar ynwenners fan 'e lidsteaten.
Der ha plannen west om de Noardske Ried krekt as de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip yn te organisearjen, dêr't oer ferdrach praat waard. Finlân woe it ferdrach lykwols net ratifisearje. Tenei melden Denemarken en Noarwegen har oan foar it JEM lidmaatskip.
Inkeld Denemarken waard yn 1973 lid, Noarwegen hy by in referindum tefolle stimmen tsjin it útstel.
Sweden woe ek op himsels bliuwe en gean net yn 'e JEM. Yn 1995 woene Finlân en Sweden wol lid wurde fan 'e Jeropeeske Uny.
De Noardske Ried stiet noed foar gearwurking mei de oanbelangjende parleminten. De Noardske Ried fan Ministers, oprjochte yn 1971, hâld him dwaande mei gearwurking tusken de regearingen fan de lidsteaten.