It pakhús oan de Noarderhaven 106 is in monumintaal pân yn de stêd Harns.
Skiednis
It pakhús, mei fjouwer ferdjippings, waard yn 1657 boud yn opdracht fan de keapman Sicce Lubberts. Under waard brûkt foar de opslach fan wyn en de fjouwer ferdjippings waarden brûkt as nôtpakhús. De foargevel oan de noardkant hat in letmaniëristysketrepgevel. De ûntlêstingsbôgen fan de finsters op de ferdjippingen binne dekorearre mei in blokfoarmich patroan. It pân stiet op de hoeke fan de Roepersteech. Yn de sydgevel oan de Roepersteech is in trepgevel mei in hysbalke. Efter dit pân liet Lubberts yn itselde jier 1657 de mouterij ferbouwe ta noch in pakhús. Ek in wenhûs dêrefter oan de Foarstrjitte 61, wie yn besit fan Lubberts en krige troch him yn 1657 in letmaniëristyske trepgevel. Yn dizze wenning soe yn 1898 de skriuwer Simon Vestdijk berne wurde.
De gevelstien mei de inisjalen fan Sicce Lubberts
Oan beide kanten fan de finsters op de earste ferdjipping sitte reliëfs mei de ôfbylden fan de Romeinske godheden Fenus, Seares, Bacchus en Aeolus of Fortuna[1] as symboalen foar de fjouwer jiergongen. Yn it fries yn de foargevel sitte gevelstiennen mei dêrop "anno", "1657" en in stien mei in reliëfdekoraasje en de inisjalen S en L, fan de eigener Sicce Lubberts (sjoch ôfbyld)
Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
↑De fjirde ôfbylde godheid is neffens Stenvert [et al.] Aeolus, mar neffens de eigener fan it pân, de feriening Hendrick de Keyser, is dit in ôfbyld fan de goadinne Fortuna. Neffens in artikel yn de Ljouwerter Krante d.d. 30 juny 1926 giet it om ôfbylden dy't de (wyn)hannel en de skipfeart symbolisearje.