It Noarderbegraafplak waard ein 1918, begjin 1919 oanlein oan 'e noardwestkant fan 'e stêd Ljouwert en op 4 augustus1919 yn gebrûk nommen. Dat waard dien om it âlde stedsbegraafplak oan 'e Spanjertsleane te ûntlêsten, dat yn 1833 yn gebrûk nommen wie en sa stadichoan smoarfol lei. Wylst it stedsbegraafplak romantyske slingerpaadsjes hie, waard it nije Noarderbegraafplak oanlein neffens in strak geometrysk roaster, mei kearsrjochte paden. It begraafplak hie ynearsten in oerflak fan 4 ha, dat, sa waard ornearre, genôch wêze moatte soe foar 5.130 grêven, sadat men der fyftich oant santich jier mei takoe.
Dat wie lykwols bûten it wetter rekkene. Al rillegau die nammentlik bliken dat de grûn net genôch ophege wie, sadat der by in soad rein daliks wetteroerlêst ûntstie. Dêrtroch koe der yn elts grêf mar ien lichembegroeven wurde, wat betsjutte dat it nije begraafplak al yn 1936 fol lizze soe. In djoer drainaazjeprojekt wie sadwaande net oan te ûntkommen, en waard yn 1928 útfierd.
Geandewei de tweintichste iuw waard it Noarderbegraafplak ferskate kearen, yn 1956, 1972 en 1988, útwreide, earst yn eastlike rjochting en letter nei it noarden ta. De lêste útwreiding gie om in soarte fan 'boskbegraafplak' oan 'e noardkant. Yn 'e 1960-er jierren waard it klassesysteem dat de grêven yn fiif ûnderskate klassen ferdielde, ôfskaft. Tagelyk waard der doe ek in aula yn 'e midden fan it hôf boud. Fan 1919 oant 1985 waarden op it Noarderbegraafplak deabernepoppen, yn totaal sa'n 1.700, anonym begroeven. Op it diel fan it hôf dêr't dat barde, waard yn 2005 in monumint pleatst ta betinking.
Omreden fan tanimmende fraach fan 'e moslimmienskip yn Fryslân waard yn 1985 op it Noarderbegraafplak in islamityske grêffjild iepene, mei romte foar 200 grêven. Dat wie ien fan 'e earsten fan syn soarte yn Nederlân. Op dat diel fan it begraafplak binne de grêven yn in oare rjochting pleatst, sadat de ferstoarnen yn 'e rjochting fan 'e hillige stêdMekka lizze. Ek is op dat diel fan it Noarderbegraafplak in oerdutsen opbiertafel oanwêzich, dêr't de deaden foarôfgeande oan 'e beïerdigingritueelwosken wurde kinne.
Yn 'e 2010-er jierren waard in diel fan it Noarderbegraafplak oanwiisd as 'kalamiteitefjild' foar needbegraffenissen yn gefal fan in ramp.