Dizze side giet oer it bestjoerlike distrikt Noard-Fryslân. Foar it histoaryske wengebiet fan 'e Noardfriezen, sjoch: Noard-Fryslân.
Noard-Fryslân (Noardfrysk: Nordfraschlönj/ Nordfriislon/ Nuurdfriisklun/Nuurðfriislön), Dútsk: Nordfriesland, Deensk: Nordfrisland) is in yn 1970 opjrochte bestjoerlik distrikt (Kreis) yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It gebiet leit tsjin de Deenske grins oan. It oerflak beslacht 2.050 km². Der wennen yn 2010 165.480 minsken. It haadplak is Hüsem (Dútsk: Husum).