Nije Oanlis

De Nije Oanlis yn Wolvegea

De Nije Oanlis yn Wolvegea is in park ûntwurpen troch de túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) yn Ingelske lânskipsstyl.

De 'Nije Oanlis' is yn 1839 oanlein op wat earder it galgefjild fan Wolvegea wie. Skaaimerkend foar de parken en tunen fan Roodbaard binne slingerpaden en nierfoarmige fivers yn in aksidintearre terrein. Ek de 'Nije Oanlis' hat dy skaaimerken.

It algemiene begraafplak fan Wolvegea is ek part fan de "Nije Oanlis", mar park en begraafplak binne wol skieden.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!