Nije Kromme

Nije Kromme
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
bysûnderheden
type bouwurk brêge (eins fiadukt)
boujier 2000
arsjitekt Rein Hofstra
oerbrêget N359
oare ynformaasje
kosten € 600.000

De Nije Kromme, yn 'e folksmûle ornaris de Slachtebrêge neamd, is in ferbining foar fytsers en fuotgongers, dy't súdwest fan Wommels de provinsjale wei N359 fan Ljouwert nei Boalsert oerspant. Dêrby ferbynt dizze brêge (eins in lyts fiadukt) it súdlike part fan 'e Slachtedyk mei it noardlike part, dêr't it yn 'e 1970-er jierren fan ôfsnien waard troch de oanlis fan de N359.

Skiednis

Foar de omwenjenden hie de trochsnijing fan 'e Slachte troch de N359 altyd al in boarne fan ergernis wist, mei't se sûnt dy tiid kilometers omfytse moasten, út it suden wei oer de Súdhoeke nei Wommels ta, dêr't se de provinsjale wie oerstekke koene, om dan oer de buorskip Littenserbuorren fierder noardoan te gean. Doe't yn it ramt fan 'e grutte Friezereüny yn 2000 de earste edysje fan 'e Slachtemaraton pland waard, wêrby't it it doel wie en folgje de rin fan 'e âlde seedyk alhiel fan Easterbierrum nei Raerd, waard de ôfsnijing by Wommels ek foar dat projekt in probleem.

It logo fan 'e Gemeente Littenseradiel: in stylistyske werjefte fan 'e Nije Kromme.

De lûder wurdende rop om súdwest fan Wommels troch in tydlike of permaninte maatregel de beide dielen fan 'e Slachte foar fytsers en fuotgongers wer mei-inoar te ferbinen, waard troch alle belutsen oerheidsynstânsjes as billik en teffens as helber beskôge. Sawol de Provinsje Fryslân as de Gemeente Littenseradiel wurken op alle mooglike manearen mei oan it betinken fan in oplossing, en beide droegen se foar in trêdepart de op 600.000 begrutte kosten foar de bou fan in fytsers- en fuotgongersbrêge op dat plak. It lêste trêdepart waard sponsore troch boubedriuw Ballast Nedam, dat de bou fan 'e brêge op him naam.

De úteinlike brêge (sa't it bouwurk hast altyd neamd wurdt, hoewol't it as it derop oankomt eins gjin brêge mar in fiadukt is) waard in ranke konstruksje dy't de drokke provinsjale wei op elegante wize oerspant. Ferantwurdlik foar it ûntwerp wie arsjitekt Rein Hofstra út Grou, dy't fergees syn meiwurking oan it projekt ferliende. Yn 'e nacht fan 28 april 2000 waard it bouwurk yn dielen nei syn plak ferfierd, dêr't it letter dy deis yninoar set en op 'e earder al oanleine brêgehaden hyst waard. De offisjele iepining fûn plak op 28 juny, en doe krige de brêge ek syn offisjele namme, de Nije Kromme, dy't keazen wie út 'e ynstrjoerings foar in priisfraach.

Hoewol't de direkte oanlieding foar de bou fan 'e Nije Kromme de earste Slachtemaraton fan 8 july 2000 wie, kaam de brêge fansels in bliuwende ferbining te foarmjen. It waard in symboal fan Littenseradiel, dat sels as logo brûkt waard troch de gemeentlike organisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hosper, U.G.; Karstkarel, G.P.; en Woude, S. van der, De Slachte, Ljouwert, 2001 (Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 12 189, s. 81-82.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!