Yn 1948 sleat de Afrikanerparty een stimbusakkoard mei de Herenigde Nasionale Party fan Malan en gongen beide partijen in listferbining oan. De ferkiezingen waarden mei glâns wûn troch de Afrikanerparty en de Herenigde Nasionale Party (HNP). Daniel François Malan makke in redgearing mei Havenga as ficepremier en minister fan Finansjen. De Afrikanerparty gie 1953 mei de HNP op yn de Nasionale Party. Yn 1954 wie Havenga in skoftke waarnimmend premier. Letter luts er him tebek út de politykt.