Nederlânske Feriening fan Sikehuzen

De Nederlânske Feriening fan Sikehuzen (Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen) (NVZ) (oprjochte op 12 desimber 1991) is in feriening dy't de kollektive belangen behertiget fan de Nederlânske sikehuzen en oare organisaasjes dy't medysk-spesjalistyske soarch oanbiede. De NVZ docht dat ûnder mear troch beleidsûntjouwing, lobby en oerlis mei oare partijen yn it fjild. Dêrneist jout de feriening ynformaasje oan yndividuele leden oer ûnderwerpen dy't medyske soarch oanbelangje. Ek kinne leden yndividuele fraachstikken foar advies foarlizze oan de NVZ. Minstens twaris it jier wurdt in algemiene ledegearkomst hâlden en organisearret de NVZ diskusjegearkomsten foar har leden.

De NVZ is fertsjintwurdige yn de Medysk Spesjalisten Registraasje Kommissy, dy't it talitten fan medysk spesjalisten regelet.

Keppeling om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!