Foar syn boer wêzen wie Mungard op see. Hy waard kaptein en makke fiere reizen. Hy learde oare talen, wêrûnder it Japansk. Dochs fielde er him mear mei Fryslân ferbûn. Yn it tiidrek 1903-1913 organisearre er fiif Noardfryske folksfeesten, mei Friezen fan Söl, Oomram en Feer. De folksfeesten wienen kulturele gearkomsten, dêr't it belang fan de Noardfryske kultuer bepraat waard, dy't neffens Mungard faai stie.
Yn 1909 waard syn Sölringer wurdboek publisearre, 'For Sölring Spraak en Wiis'. Hy waard earelid fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, dy't oanmoedige om in wurdboek fan it Noard-Frysk te meitsjen. It foarste diel wie yn 1913 klear, mar dy ferskynde net.
By in folksreferindum yn 1920 begûn Nann Peter Mungard mei in kampanje foar de oansluting fan Súd-Sleeswyk by Denemark. Hy wie fan betinken dat de Fryske kultuer yn in lyts lân better syn gerak krije soe as yn it grutte Dútslân. Nann Peter Mungard krige ferheftige krityk, en waard foar ferrieder útmakke. Doe't de krityk feroare yn klearebeare hate, en by it biikebrennen in pop mei syn namme derop ferbaarnd waard, ferliet er Söl en sette er him foar de rest fan syn libben yn Denemark nei wenjen.
It foarste diel fan it Noardfryske wurdboek ferskynde yn 1974.
Grêftskrift
Nann Mungard is te hôf brocht yn Keitum op Söl, op syn grêf stiet de neikommende tekst: Wat dêst, dit dö me Lif en Siil; Üt Sliirighair tjüü Di niin Wiil! Fuar Hualevhair docht ek en bet, Ja, dit jeft rochtlik bluat Fortröt! Harki Got! Dö rocht! Wik nemen!