Kollumer Museum Mr. Andreae, ek Aldheidkeamer Mr. Andreae, is in streekmuseum oan de Oosteburgstrjitte yn Kollum. It museum is ferneamd nei notaris en (amateur)histoarikus Arnoldus Johannes Andreae.
It museum húsmanne fan 1980 ôf oan yn it eardere postkantoar oan de Eyso de Wendtstrjitte. Yn 2017 waard de âldheidskeamer ûnderbrocht yn 'Oostenburg', in earder wurkhûs foar earmelju út 1838 en no in multyfunksjoneel sintrum. It gebou is in ryksmonumint. It museum hat sûnt 2009 ek it Archeologisch Steunpunt voor Kollumerland dat yn 2016 ferhuze nei de hal fan it gemeentehûs fan de eardere gemeente Kollumerlân.
It museum hat:
In stylkeamer fan om 1900 hinne
In orizjinele tsjinstboadekeamer mei bedsteed en tabehearren
Wurkplak mei âlde ambachten: in kûperij, in timmerwurkplak
In winkeltsje dat yn de styl fan 1900 ynrjochte is.
Findels yn soarten en maten dy't troch ferienings brûkt waarden yn optochten