Boerstra wie ûnder mear as militêr attasjee ferbûn oan de gesantskippen yn Tokio en yn Peking, dat hy kaam in soad te witten oer de ferhâldings yn it Fiere Easten. At Boerstra mei ferlof yn Nederlân wie, siet er yn ferskillende kommissys wat de ferdigening fan Nederlânsk-Ynje oangie. Hy wie doe ek ynspekteur fan de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger. Op 30 july 1935 waard er beneamd ta luitenant-generaal en kommandant fan it Nederlânsk-Ynjysk leger en kaam yn Ynje oan mei de Sibajak.
Yn de tiid dat er kommandant wie siet er yn de kommissy Sintraal Komitee yn Nederlânsk-Ynje. Yn de Folksried pleite er foar fersterking fan it leger en foar in mear mobile macht mei it each op de ynternasjonale tastân. It wie neffens him net goed om jin oan in beskaat gebiet te ferbinen en hy kundige oan dat der rillegau frijwilligerskorpsen oprjochte wurde soenen.[1] Yn in ynterview [2] joech Boerstra útlis fan syn belied. Hy wie fan betinken dat de bewapening fan Java mei 20.000 man beropstroepen en mei yn de bûtengoaen nochris 12.000 man moai genôch wie foar de ferdigening (syn wurden: wat door bezuinigingen enerzijds kleiner werd, werd anderzijds beter, doordat men naar middelen zocht om de effectieve kracht van het leger te behouden, ondanks de bezuiniging. En oer de grutte fan it leger yn Ynje fergelike mei dat fan Nederlân (efter elkoar 40.000 man en 400.000 man) sei er dat Indië geen landsgrenzen had en dat een uitstekend georganiseerd, goed aangevoerd, zij het niet groot beroepsleger wel degelijk een factor van grote betekenis was. Neffens Boerstra soe de fijân it ek net maklik krije yn de bûtengoaen en de oaljehavens op Borneo. Hy trede 26 july 1939 ôf as kommandant fan it Nederlânsk-Ynjysk leger en waard opfolge troche generaal-majoar Berenschot. Hy sei yn syn eintaspraak: Gij kunt er staat op maken dat het leger, naar organisatie en bewapening, zich zal kunnen meten met elke tegenstander, die het tegenover zich mocht vinden.[3]