It ministearje fan Finânsjes is yn Nederlân it ministearje dat him bemuoit mei de finânsjes fan it lân: de begrutting, de belestingen en de steatskas.
Politike lieding
Yn it kabinet-Rutte III wie Wopke Hoekstra fan it CDA de minister fan Finânsjes. De steatssikretarissen wiene Menno Snel (D66) - hâldt him dwaande mei ûnder mear fiskale saken, finânsjes, desintrale oerheden en kânsspullen, Hans Vijlbrief (D66) en Alexandra van Huffelen (D66).
Yn it kabinet-Rutte IV wie Steven van Weyenberg fan D66 (wie Sigrid Kaag, D66) de minister en Marnix van Rij fan it CDA en Aukje de Vries fan 'e VVD de steatssikretarissen.
Yn it kabinet-Schoof waard Eelco Heinen (VVD) de minister fan Finânsjes. De steatssekretarissen binne Folkert Idsinga (NSC, Fiskaliteit en Belestingtsjinst) en Nora Achahbar (NSC, Taslaggen en Dûane). De sekretars-generaal is Bas van den Dungen.
Taken
It ministearje fan Finânsjes is ferantwurdlik foar de ynkomsten en útjeften fan it Ryk. It sjocht derop ta dat it jild fan 'e Nederlânske oerheid in goed plak krijt.
Ek is it ministearje fan Finânsjes ferantwurdlik foar it binnenlânsk finansjeel-ekonomysk belied. Dat wol sizze de grutte linen fan 'e ynkomsten en útjeften fan bedriuwen en boargers.
It ministearje hâldt boppedat tafersjoch op it funksjonearjen fan 'e finansjele merken, de finansjele ynstellings en it betellingsferkear.
Fierders is it ministearje ferantwurdlik foar de ôfstimming fan it finansjeel-ekonomysk belied op Jeropeesk en wrâldwiid nivo.
Wichtige ûnderdielen fan it Ministearje fan Finânsjes binne de Belestingtsjinst en de Dûane.
Keppeling om utens