It Merwedekanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsjes Utert en Súd-Hollân. It ferbynt it Amsterdam-Rynkanaal yn de stêd Utert mei de Boppe-Merwede besuden Gorkum.
It kanaal rint fan noard nei súd troch of bylâns de plakken Utert, Nieuwegein (Jutphaas, Vreeswijk), Fianen, Lexmond, Hei- en Boeicop, Meerkerk, Nieuwland, Hoogblokland, Arkel en Gorkum.[1] Tusken Nieuwegein en Utert wurdt it Merwedekanaal krúst troch it Amsterdam-Rynkanaal en tusken Nieuwegein en Fianen troch de rivier de Lek.
It kanaal waard yn 1892 offisjeel iepene. It kanaal wie foar in part in ferbreding en ferdjipping fan besteande kanalen, sa as Keulske Feart út 1825. Tusken Amsterdam en Utert waard wol in folslein nij kanaal groeven. Tusken Utert-Hoograven en Vreeswijk waard gebrûk makke fan de al besteande Keulske Feart en tusken Fianen en Gorinchem fan it besteande Zederikkanaal. Doe't it kanaal op in stuit net mear oan de moderne easken foldie, waard yn 1931 besletten ta de oanlis fan it Amsterdam-Rynkanaal.
Der hoecht op it Merwedekanaal gjin slûs- of brêgejild betelle te wurden.
Fotogalery
Merwedekanaal yn Utert
-
Merwedekanaal by de Muntslûs
-
Merwedekanaal fan de Muntbrêge ôf
-
Merwedekanaal by de Munt
-
Merwedekanaal by de Muntkade
Merwedekanaal benoarden de Lek
-
Noarderslûs
-
Suderslûs
-
Rynhuzerbrêge
Merwedekanaal besuden de Lek
-
Zwaanskuikenbrêge
-
Bazelbrêge
-
Haarbrêge
-
Schotdeurense brêge
Boarnen, noaten en referinsjes