Mary Kingsley

Mary Kingsley (1890/1900)
Reisrûtes fan Kingsley

Mary Henrietta Kingsley (Islington, 13 oktober 1862 - Simonstad, 3 juny 1900) wie in Britsk etnografikus en ûntdekkingsreizichster. Kingsley har reizen troch West-Afrika en har boeken dêroer hawwe bydroegen oan it byld fan Jeropa fan Afrikaanske kultueren en it Britske ymperialisme.

Biografy

Kingsley waard berne yn Londen as dochter en âldste fan dokter, reizger en skriuwer George Kingsley en Mary Bailey. Sy kaam út in famylje fan skriuwers en wie de nicht fan de romanskriuwers Charles Kingsley en Henry Kingsley. Doe't se noch gjin jier âld wie ferfear de húshâlding nei Highgate, dêr't har broer Charles George R. ("Charley") Kingsley yn 1866 berne waard; yn 1881 wenne it gesin yn, Bexley yn Kent. Heit wie fral dokter fan aristokraten.

Kingsley woe, nei in besite oan de Kanaryske Eilannen, de West-Afrikaanske kultuer ûndersykje en gie yn 1893 mei de stoomboat Lagos nei Sierra Leöane. Se wie fan doel en bestudearje stammen dy't noch gjin kontakt hân hiene mei it Kristendom of de westerske beskaving. Under har reizen besocht se troch de tiid te kommen troch te hanneljen yn rubber en ivoar. Se ûntduts "nije" bistesoarten, wêrûnder in fisk, in slange en in hagedis dy't hja oan it Britsk Museum yn Londen skonk.[1]

Nei har twadde reis (desimber 1894 oant novimber 1895) skreau Kingsley twa boeken oer har tochten en ûnderfiningen. Troch Travels to West-Africa dat yn 1897 ferskynde krige se namme as saakkundige. Letter skreau se West African Studies dat yn 1899 útkaam. Yn dat boek utere se ek krityk op de Britske koloniale polityk. Dêrtroch rekke se yn diskredyt. Kingsley hie plannen foar in tredde reis, mar by it útbrekken fan de Twadde Boere-oarloch ferliet se Ingelân en gie oan de slach as ferpleechster van kriichsfinzenen ûnder Simonstad by Kaapstêd. Dêr skipe se tyfus en stoar oan de gefolgen fan dy ynfeksjesykte.

Wurk (monografyen)

  • Travels in West Africa, Londen: Macmillan 1897.
  • West African Studies, Londen: Macmillan 1899.
  • The Story of West Africa, Londen: Horace Marshall 1900.
  • Notes on Sports and Travel, Londen: Macmillan 1900.

Earbetoan

  • 1994 - Op Fenus is in krater nei har ferneamd.

Portretten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vrouwen op ontdekkingsreis - Elsevier 1986

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!