Martinus de Boer (Martin) (Harns, 13 april 1799 - Drachten, 19 oktober 1889) wie ryksûntfanger yn Aldegea (Sm), Hurdegaryp en fanôf 1837 yn Drachten.
Hy sette in soad fersen fan syn freon Jan Gelinde van Blom op muzyk. As duo hienen se in soad súkses by de jierlikse gearkomsten fan Het Nut. Inkele dêrfan, wêrûnder Ynskje en Oark en It froalike famke, waarden yn 1876 opnomd yn it Frysk Lieteboek, dat De Boer mei gearstald hat. Yn 1875 waard Martinus de Boer beneamd as earelid van Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Tinkboek fan it hûndertjierrich bestean fan it Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse 1844-1944.
|