Marsberg

Marsberg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Hochsauerlandkreis
Sifers
Ynwennertal 19.826 (31-12-2016)
Oerflak 182,22 km²
Befolkingstichtens 109 /km²
Hichte 240 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1975
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52°8′0″N 8°34′0″E
Webside www.marsberg.de
Marsberg yn de Hochsauerlandkreis

Marsberg is in stêd en gemeente in it noardeastlike part fan it Sauerlân yn de Hochsauerlandkreis yn Noardryn-Westfalen, Dútslân. De gemeente ûntstie yn syn hjoeddeiske foarm yn 1975, yn it ramt fan de weryndieling yn Noardryn-Westfalen, út de eardere gemeenten Obermarsberg (yn de 17e en 18e iuw Stadtberge neamd) en Niedermarsberg (earder Horhusen neamd). Yn Obermarsberg moat nei alle gedachten de Irminsul op de Earesburch, it wichtichste hillichdom fan de âlde Saksen, stien hawwe. Nei it ferneatigjen troch Karel de Grutte dêrfan, waard it âldste kleaster fan Westfalen, dat letter part fan de Abdij fan Corvey waard, stifte. Niedermarsberg ûntjoech him ta in wichtige hannelsstêd, mar wie lykwols polityk ôfhinklik fan Obermarsberg. Fan belang wie sûnt de Iere Midsiuwen de mynbou fan erts en it ferwurkjen dêrfan.

Geografy

It plak leit oan de rivier de Diemel, sa'n 20 kilometer beëasten Brilon en 30 kilometer besuden Paderborn.

Oangrinzgjene gemeenten

Ferdieling

Marsberg bestiet út de folgjende 17 buorren:

  • Beringhausen
  • Borntosten
  • Bredelar
  • Canstein
  • Erlinghausen
  • Essentho
  • Giershagen
  • Heddinghausen
  • Helminghausen
  • Leitmar
  • Meerhof
  • Niedermarsberg
  • Obermarsberg
  • Oesdorf
  • Padberg
  • Udorf
  • Westheim

Ofbylden


Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!