Botta ûntwurp syn earste gebou, in twagesinswenning yn Morbio Superiore yn Ticino, doe 't er noch mar 16 jier âld wie.
Hy studearre oan it Liceo Artistico yn Milaan en it Istituto Universitario di Architettura yn Fenetië. Syn ideeën binne beynfloede troch Le Corbusier, Carlo Scarpa en Louis Kahn. Hy begûn syn eigen arsjitekteburo yn 1970 yn Lugano, Switserlân.
Yn Nederlân boude er ein jierren 90 it kantoare- en appartemintekompleks La Fortezza oan de Avenue Céramique yn Maastricht en yn 2008 it appartemintekompleks La Vista yn it doarp Cruquius (Haarlimmermar).
Haadkantoar Gotthardbank yn Lugano (kanton Ticino), 1982-87
Watarimuseum foar hjoeddeiske keunst yn Shibuya-ku (Tokyo), ûntwerp 1990
Markus Breitschmid (ed.), Architecture and the Ambient – Mario Botta. Architectura et Ars Series, Volume 2, Virginia Tech Architecture Publications, 2013. ISBN 978-0-9893936-5-2