Marienkirche (Lübeck)

De Marijetsjerke fan Lübeck
Grûnplan fan de tsjerke (1906)

De Marienkirche yn de Dútske hânzestêd Lübeck (offisjeel: St. Marien zu Lübeck; Frysk: Marijetsjerke) waard tusken 1277 oant 1351 boud. It waard in symboal fan de macht en wolstân fan de âlde hanzestêd en stiet op it heechste plak fan de âlde binnenstêd. De Marienkirche makket diel út fan it UNESCO-wrâlderfskip fan de histoaryske binnenstêd fan Lübeck. De bou fan de tsjerke stiet oan de widze fan de saneamde bakstiengotyk en is ien fan de moaiste tsjerken yn it Eastsee-gebiet.

Omskriuwing en ôfmjittings

De nije boustyl fan de Marienkirche stie model foar tal fan oare tsjerken yn it Eastsee-gebiet, lykas yn Stralsund en Wismar. Mei de tsjerke krige de goatyk út Frankryk in eigen karakteristike Noard-Dútske fariant. It ferwulft fan de tsjerke is it heechste bakstiennen ferwulft fan de wrâld (38,5 meter yn it middenskip).

De tsjerke is as in trijeskepige basilyk boud mei ynboude kapellen, in koaromgong, in kapellenkrâns en dwersskipeftige foarhallen. It westwurk fan de tsjerke wurdt foarme troch in gevel mei dûbele tuorren. Mei de wjerhoannen binnen de tuorren 124,95 en 124,75 meter heech.

Om't de tsjerke de wichtigste parochytsjerke fan de ried en de boargers fan de stêd wie, waard hja tichteby it riedshûs en de merk boud.

Skiednis

Mei it ferhûzjen fan it bisdom fan Oldenburg nei Lübeck yn 1150 troch Hindrik de Liuw waard ynLübeck in domkapittel en in houten tsjerke oprjochte. Dizze houten tsjerke waard om 1173 hinne troch in romaanske bakstiennen tsjerke ferfongen. Fan dizze tsjerke binne noch romaanske bylden fan it ynterieur bewarre bleaun, dy't hjoeddedei yn it St.-Annen-Museum toant wurde.

De romaanske tsjerke foldie lykwols net mear oan de easken fan de opkommende en selsbewuste boargerij en dus liet de stêd in nije tsjerke bouwe, dy't de romaanske biskopstsjerke fier te boppe gyng. It ambisjeuze projekt yn de sûnt 1226 ryksfrije stêd waard ynjûn troch de minne relaasje fan de stêd mei de biskoppen fan it bisdom. It wie dus saak om de âlde domtsjerke fan Hindrik de Liuw yn alles te oertreffen en dat die hja: de tsjerke waard grutter as de romaanske domtsjerke en nea earder waard in bakstiennen tsjerke boud, dy't sa heech wie en ek nochris mei in ferwulft waard foarsjoen.

Om 1310 hinne waard eastlik fan de súdlike toer de saneamde Briefkapelle boud. It wie tagelyk in foarhal en kapel en foarme mei it portaal in twadde haadyngong fan de tsjerke. De namme datearret fan nei de reformaasje, doe't hjir skriuwers harren wurkromte krigen. De kapel (12 meter lang, 8 meter djip en 12 meter heech) krige in stjerferwulft en wurdt sjoen as in masterwurk fan de heechgoatyk. Fan jannewaris oant maart tsjinnet dizze kapel hjoeddedei as wintertsjerke.

Oan de súdeasthoeke fan de koaromgong boude de stedsried yn 1390 in eigen kapel: de Bürgermeisterkapelle. De muorren binnen ôfwikseljend mei glazuere en net-glazuere stiennen boud. Hjir waard foar in nije ambtperioade de nij keazen ried beëdige. Op de boppeferdjipping fan de kapel is in romte wêr't wichtige dokuminten lykas oarkunden en ferdraggen bewarre wurde. Dit diel is ek hjoeddedei noch yn it besit fan de sted.

De lêste goatyske útwreiding fan de tsjerke fûn plak yn 1444 mei de bou fan in kapel mei in 5/8 ôfsluting oan de eastlike kant fan de koaromgong. Yn dizze kapel waarden alle dagen op fêste tiden gebeden as part fan de Marijeferearing songen en krige dêrom de namme Marientidenkapelle of Sängerkapelle.

De Marienkirche telt meiïnoar njoggen gruttere sydkapellen en nochris tsien lytsere, dy't yn 'e regel nei de Lübecker riedsfamyljes ferneamd waarden dy't de kapelle brûkten en finansierden.

Ferneatiging en restauraasje

It ferwoastge Lübeck mei de op eftergrûn de Marienkirche

By in loftoanfal op 28-29 maart 1942, yn de nacht fan Palmpeaske, waard de tsjerke hast folslein ferwoastge troch brân. Mei de Marienkirche gyng ek in fyfde part fan it sintrum fan de stêd (wêrûnder ek de domtsjerke en de St. Petrikirche) ûnder. Tal fan keunstwurken gyngen foar ivich ferlern. Hjirûnder it ferneamde Totentanz-oargel, in instrumint dat ea bespile wie troch Dieterich Buxtehude en mûlk ek Johann Sebastian Bach. Oare keunstwurken dy't troch it fjoer fertard waarden wiene de "Mis fan Sint-Gergorius" fan Bernt Notke, de "Lübecker Deadendûns" (oarsponklik fan Bernt Notke mar yn 1701 ferfongen troch in kopy), de houten bylden fan it doksaal, in alterstuk fan Jacob fan Utrecht (earder ek taskreaun oan Bernard fan Orley) en it skilderij "Yntocht fan Kristus yn Jeruzalim" fan Friedrich Overbeck. Fan de bylden fan de houtsnijer Benedikt Dreyer ferbaarnden de hilligenbylden oan de westlike kant fan it doksaal, de oargelbylden fan it grutte oargel út 1516-1518 en de "Man mei it Telramt". Fieders gyngen de fan ôf 1840 yn de Marienkirche ynboude midsiuwske ramen ferlern, dy't oarspronklik út de yn 1819 ôfbrutsen Maria-Magdalenen-Kirche ôfkomstich wiene. Hoe ryk it ynterieur fan de tsjerke wie yn de foaroarlochse tiid is hjoeddedei allinnich noch te sjen op âlde ôfbylden fan bygelyks de fotograaf Wilhelm Castelli.

Noch yn de oarloch waarden de tsjerke wer fan in needdak foarsjoen en it ferwulft fan it koar yn oarder makke. De echte weropbou begûn lykwols yn 1947 en waard tolve jier letter foar it measte ôfsletten. De draachkonstruksje fan it dak en de spitsen fan de beide tuorren waarden net mear fan hout mar fan minder brânber materjaal boud. Yn 1951 koe yn de tsjerke al wer it 700-jierrich bestean fierd wurde. Bûnskânsler Konrad Adenauer skonk yn dit ramt in nije klok en yn de súdlike toer waard in kapel ta oantinken fan de oarloch mei dêryn de brokstikken fan de delstoartte klokken ynwijd. Hjir is ek in raam mei de nammen fan de gruttere stêden yn de nei de kriich ferlerne eastlike gebieten fan Dútslân ynset. Yn tal fan troch de kriich ferwoastge tsjerken hinget it saneamde "spikerkrús" en ek de Marienkirche heart fanwegen de ferwoastgingen by dizze mienskip fan tsjerken.

Oer de wize hoe't it nije ynterieur fan de tsjerke stâl jûn wurde moast is in lange diskusje fierd. Uteinliks waard nei in wedstriid it ûntwerp fan Denis Boniver gruttendiels oernommen. Yn de jierren 1958-1959 waarden de wurksumheden útfierd en dêrby waarden de kalkstiennen grêfsarken yn ferbân mei de oanlis fan flierferwaarming út de flier helle en foar it ferheegjen fan de koarromte brûkt. De noardlike oerbliuwsels fan de stiennen ûnderbou fan it doksaal waarden ôfbrutsen. Tusken it koar en de koaromgong waard in trije meter hege wytkalke muorre oplutsen en it swier skeinde 18 meter hege barokke Fredenhagen-alter waard ôfbrutsen om plak te meisjen foar in ienfâldige kalkstiennen altertafel mei dêr boppe in grut brûnzen krúsbyld. De krúsigingsgroep fan it Fredenhagen-alter krige in nij plak yn de koaromgong. Op 20 septimber 1959 waard it nije koar ynwijd.

Tusken de beide tuorren waard in skatkeamer ynrjochte foar de út de Marienkirche fan Danzig ôfkomstige tsjerkeskat. Dizze tsjerkeskat krige yn 1993 in plak yn it St.-Annenmuseum. Boppe de skatkeamer waard in grutte oargelgalerij ynrjochte. It oargel sels waard net earder as yn 1968 ynboud.

Oan de hân fan âlde ôfbylden en tekeningen waard yn 1980 de 30 meter hege dakruter wer rekonstruearre.

Ofbylden fan ferneatige keunstwurken

Fresko's

Troch de hjittens fan de brân yn 1942 sprongen oeral yn de tsjerke stúklagen fuort. Dêrmei kamen op in soad plakken midsiuwske beskilderingen bleat te lizzen. Noch tidens de kriich waarden se foar in grut part dokumintearre.

Yn 1948 waard troch Dietrich Fey úteinset mei de restauraasje fan de goatyske fresko's. Hjirby wurke hy tegearre mei de Lübecker skilder Lothar Malskat, dy't al rillegau foar it grutste keunstferfalskersskandaal nei de Twadde Wrâldkriich soargje soe. Om't boppe yn it koar midsiuwske fresko's ûntbrieken, brocht Fey Malskat hjir neffens eigen ûntwerp fresko's yn 14e iuwske styl fan hilligen oan. Saakkundigen bekritisearren syn wurk al yn 1951, mar earst yn 1952 bekende Malskat syn bedroch. Hjirfoar waarden Fey en Malskat beide yn 1954 troch it rjocht feroardiele ta finzenisstraffen. Efkes letter waarden de falske fresko's yn opdracht fan de biskop wer weiwosken.

De foarstelling fan de Ferkundiging mei in ingel tusken twa pylders, dy't heech oan de noardlike muorre fan it tsjerkeskip is oanbrocht en yn 1951 as motyf foar postsegels brûkt waard, is net sa't fakentiden skreaun wurdt in kreaasje fan Malskat. Dizze foarstelling is in echt fresko út de 14e iuw en waard al yn 1944 oan de hân fan foto's dokumintearre.

Lothar Malskat krige mei de roman "Die Rättin" fan Günter Grass ek in plakje yn de literatuer.

Ynterieur

Doopfont
Ynterieur
Antwerper retabel
Friedrich Overbeck's skilderij

De tsjerke waard ryklik mei jeften fan de stedsried, de gilden en foaroansteande famyljes begeunstige en oan it ein fan de midsiuwen telde de tsjerke 38 alters. Fan de âlde keunstwurken bleaune bewarre:

  • In út brûns getten doopfont út 1337.
  • De saneamde Darsow-Madonna út 1420, ferneamd nei de famylje Darsow dy't it byld oan de tsjerke skonk. Yn 1942 waard it byld swier skeind en út hûnderten stikjes wer gearstald en restaurearre. It byld krige yn 1989 it plak werom yn de tsjerke.
  • Oan de noardlike muorre fan it koar is in 9,5 meter hege sakramintstoer út 1479.
  • In fleugelalter fan Christian Swarte (1495), tsjintwurdich achter it haadalter.
  • Yn de Gebetskapelle (noardlike koaromgong) in brûnzen grêfplaat fan Bernt Notke foar de famylje Hutterock (1505).
  • Fan it yn 1942 ferwoastge doksaal bleaune allinnich in bôge en in tal stienen bylden oer (Elisabeth mei Jehannes de Doper, Sint-Anne, de ingel Gabriël en Marije (Ferkundiging), Sint-Jehannes en Sint-Dorothea).
  • Yn de koaromgong binne sânstiennen reliëfs út 1515 te sjen mei foarstellings út de lijensskiednis fan Kristus. Yn de list om it Lêste Jûnsmiel is in mûs te sjen, dy't oan in tûke fan in roas gnabbet. It sechje is dat dyjinge dy't de mûs oanrekket nea werom komme sil yn Lübeck, of, ôfhinklik fan de ferzy, in soad lok hawwe sil.
  • Yn de Marientidenkapelle steane de resten fan de oarspronklike banken en it Antwerper Alter.
  • Ut 1505 stamt it houten Sint-Jehannesbyld fan Henning van der Heyde.
  • It stiennen Antoaniusbyld datearret fan 1457 en waard skonken troch de riedshear Hermann Sundesbeke, dy't ek lid wie fan de Antoanius-bruorskip.
  • Yn de Bürgermeisterkapelle yn de súdlike koaromgong bleaune dielen fan de oarspronklike goatyske stuolte bewarre.
  • Fan de Nazarener skilder Friedrich Overbeck hinget ien fan syn wichtigste wurken yn de Gebetskapelle (noardlike koaromgong). It stelt it beskriemen fan Kristus foar.
  • De koarhekken binnen rekonstruksjes út resintere tiden. Yn 1959 waard de koarromte mei muorren fan de omgong ôfsletten, dy't yn de jierren 1990 wer ôfbrutsen waarden. De messing ûnderdielen binne foar it measte noch oarspronklik, wylst de houten dielen yn 1942 folslein ferlern gyngen en rekonstruearre wurde moasten.

Antwerper retabel

It Antwerper retabel yn de Marientidenkapelle waard yn 1518 boud en yn 1522 troch de keapman Johann Bone foar de kapel skonken. It retabel ferhuze regelmjittich fan plak. Yn de Twadde Wrâldkriich stie it yn de Briefkapelle en sa kaam it retabel ûnskansearre de oarloch troch. Yn 26 skildere en fan hout sniene foarstellings wurdt it libben van de hillige Maagd Marije toant.

Foar 1869 waarden de fleugels fan de predella mei leginden fan de persoanen út de stambeam fan Kristus ferwidere, yn stikken sage en ferkocht. Fjouwer dielen binne tsjintwurdich te finen yn it St. Annen-Museum, oare dielen kamen yn de Staatsgalerie Stuttgart en yn in partikuliere samling yn Stockholm telâne.

Grêfmonuminten

Yn de renêssânse en de barokke tiid kamen der jimmeroan mear epitafen yn de tsjerke. De grêfmonuminten yn it middenskip wiene benammen fan hout, dy yn de sydskepen koene ek fan marmer wêze. Oant yn de 20e iuw bleaune der 84 epitafen bewarre. Hast alle houten epitafen gyngen mei de brân yn 1942 ferlern. Fan de stienen grêfmonuminten yn de sydskepen bleaune der 17 bewarre, guon dêrfan lykwols yn in swier skansearre steat.

Fredenhagen-alter

It barokke 18 meter hege heechalter, dat troch de keapman Thomas Fredenhagen jûn en troch de Anterwerper byldhouwer Thomas Fredenhagen makke waard, rekke by de bombardeminten yn 1942 slim skeind. It koe lykwols noch restaurearre wurde, mar nei in lange diskusje fan 1951 oant 1959 waard op oantrunen fan biskop Heinrich Meyer besletten it heechalter ôf te brekken en te ferfangen troch in ienfâldige altertafel. Inkelde stikken fan it heechalter steane hjoeddedei yn de koaromgong: de krúsigingsgroep, de marmeren predella mei in reliëf fan it Lêste Jûnsmiel, de twa allegoaryske bylden fan it Leauwen en de Hope en it byld fan de opstiene Hear. Oare dielen binne opslein en de diskusje oer de winsklikens oft it alter, dat troch guon sjoen wurdt as in haadwurk fan barokke keunst, wer restaurearre wurde moat, is noch jimmeroan geande.

Oargels

Op it plak fan it yn 1942 op Palmpeakse ferbaarnde grutte oargel waard yn 1968 troch it oargelbedriuw Kemper & Sohn it doedestiids grutste oargel fan de wrâld mei mechanyske spyltraktuer boud. It hat op fiif manualen en pedaal 100 registers mei 8.512 pipen; de langste piip mjit alve meter, de lytste is net grutter as in sigaret. De registertraktuer wurket elektrysk.

It oarspronklik út 1477 datearjende Totentanz-oargel oan de eastlike kant fan it noardlike dwersskip waard ek yn 1942 ferneatige. Neffens de ôfmjittings fan 1937 boude Kemper & Sohn yn de jierren 1950 yn de noardlike koaromgong rjochting heechkoar in oargel, dat lykwols yn 1986 wer ferfongen wurde moast troch in instrumint fan de firma Führer út Wilhelmshaven. Dit oargel besit 56 registers (likernôch 5.000 pipen) op fjouwer manualen en pedaal.

In tredde oargel dat ferneatige waard stie oant de brân op it eardere doksaal. Tsjintwurdich is in tredde oargel sûnt 1948 te finen yn de Briefkapelle. Dit hûsoargel waard yn 1723 troch Johannes Schwarz boud en stamt oarspronklik út de Slotkapel fan it East-Prusyske Dönhoffstädt (tsjintwurdich it Poalske Drogosze). It barokke oargel docht tsjinst as de kapel yn de perioade fan jannewaris oant maart as wintertsjerke yn gebrûk is.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Marienkirche

Read other articles:

21.ª División de Montaña SS Skandenberg 21. Waffen Gebirgs-Division der SSActiva 1944 - 1945País Albania AlbaniaFidelidad Alemania naziRama/s Waffen SSTipo InfanteríaEspecialización Tropas de montaña (voluntarios albaneses)Tamaño DivisiónDisolución 1 de noviembre de 1944Alto mandoComandantesnotables August SchmidhuberInsigniasInsignia Cultura e historiaMote SkandenbergGuerras y batallas Segunda Guerra Mundial[editar datos en Wikidata] La 21.ª División de Montaña SS Skan...

 

Wappen des Bistums Passau nach Siebmachers Wappenbuch von 1605 Die Liste der Bischöfe von Passau stellt vergangene und gegenwärtige Bischöfe des Bistums Passau vor. Sie waren ab 1217 bis zur Säkularisation 1803 Fürstbischöfe im Hochstift Passau. Die Fürstbischöfe von Passau waren vorwiegend Nachgeborene aus bayerischem, österreichischem oder böhmischem Adel und gehörten mit Sitz und Stimme dem Fürstenstand (Reichsfürst) im Reichstag an. Der Hofstaat in Passau war relativ bescheid...

 

For other ships with the same name, see USS Nicholas. USS Nicholas (FFG-47) History United States NameNicholas NamesakeMajor Samuel Nicholas Awarded28 April 1980 BuilderBath Iron Works, Bath, Maine Laid down27 September 1982 Launched23 April 1983 Sponsored byMrs. Florence E. Tryon (Mitchell) Commissioned10 March 1984 Decommissioned17 March 2014 HomeportNorfolk, Virginia Identification Hull symbol: FFG-47 MMSI number: 200167914 Code letters: NSVN MottoCarrying on a Proud Tradition StatusUnderg...

Richard Wayne BandlerRichard BandlerLahir24 Februari 1950 (umur 73)Amerika SerikatPekerjaanPenulis Richard Wayne Bandler (lahir 24 Februari 1950) adalah penulis asal Amerika Serikat dan pelatih di bidang pengembangan pribadi. Dia dikenal bersama dengan John Grinder sebagai pencipta NLP (Neuro-linguistic programming), metodologi yang ditujukan untuk memahami dan mengubah pola perilaku manusia. Dia juga mengembangkan sistem lain yang dinamakan Design Human Engineering (DHE) dan Neuro Hypno...

 

Cet article est une ébauche concernant l’Iowa. Vous pouvez partager vos connaissances en l’améliorant (comment ?) selon les recommandations des projets correspondants. Lodomillo Township Administration Pays États-Unis État Iowa Comté Clayton Type de localité Township GNIS 0468294 Démographie Population 719 hab. (2000) Densité 7,6 hab./km2 Géographie Coordonnées 42° 41′ 05″ nord, 91° 25′ 41″ ouest Altitude 366 m Superfic...

 

M25戦車運搬車 M4シャーマン戦車を積載したM25戦車運搬車基礎データ全長 M25:17.48 m M26:7.72 m M15:11.71 m全幅 M26:3.32 m M15:3.81 m全高 M26:3.48 m重量 M26:21,908 kg(※戦闘重量) M15:15,875 kg(※本体重量)乗員数 7名装甲・武装装甲 前面19.05mm 側・後面6.35mm主武装 ブローニングM2重機関銃 1挺予備弾 1,600発機動力整地速度 41.6km/hエンジン ホール・スコット Type440 6気筒ガソリンエ

Vector operator in vector calculus This article is about divergence in vector calculus. For divergence of infinite series, see Divergent series. For divergence in statistics, see Divergence (statistics). For other uses, see Divergence (disambiguation). Part of a series of articles aboutCalculus Fundamental theorem Limits Continuity Rolle's theorem Mean value theorem Inverse function theorem Differential Definitions Derivative (generalizations) Differential infinitesimal of a function tot...

 

Artikel ini sebatang kara, artinya tidak ada artikel lain yang memiliki pranala balik ke halaman ini.Bantulah menambah pranala ke artikel ini dari artikel yang berhubungan atau coba peralatan pencari pranala.Tag ini diberikan pada November 2020. Gnomidolon fuchsi Klasifikasi ilmiah Kerajaan: Animalia Filum: Arthropoda Kelas: Insecta Ordo: Coleoptera Famili: Cerambycidae Genus: Gnomidolon Spesies: Gnomidolon fuchsi Gnomidolon fuchsi adalah spesies kumbang tanduk panjang yang tergolong famili C...

 

Railway station in Bridgend, Wales This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Bridgend railway station – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (August 2011) (Learn how and when to remove this template message) BridgendWelsh: Pen-y-bontStation entrance, September 2018General informationLocationBrid...

Untuk jembatan, lihat Jembatan Vasco da Gama. Vasco da GamaLaksamana Laut Arab, Persia, India dan seluruh Wilayah TimurBerkas:Gregório aldy dala lopez - Vasco da Gama (ca 1524).jpgKonte VidigueiraMasa jabatan29 Desember 1519 - 23 Desember 1524PenggantiFrancisco da Gama PasanganCatarina de AtaídeLainnyaAnakD. Francisco da Gama, Konte Vidigueira ke-2 D. Estêvão da Gama, Raja Muda India D. Cristóvão da Gama, Kapten MalakaNama lengkapVasco da GamaKeluarga bangsawanGamaBapakEstêvão da ...

 

Governing body for soccer in northern New South Wales Northern NSW FootballFormation1887; 136 years ago (1887)HeadquartersNewcastle, New South WalesParent organisationFootball AustraliaWebsitewww.northernnswfootball.com.au Northern NSW Football (NNSWF) is the governing body of soccer in the north of New South Wales, Australia. It is a member of the national governing body, Football Australia. The Federation's roots were go back to the formation of the Northern District Briti...

 

American- Srilankan artistic gymnast Tiana SumanasekeraSumanasekera at the 2022 Pan American Gymnastics ChampionshipsPersonal informationFull nameTiana SumanasekeraNickname(s)TCountry represented United StatesBorn (2007-09-15) September 15, 2007 (age 16)Fremont, California USAHometownPleasanton, California, USADisciplineWomen's artistic gymnasticsLevelSenior International EliteYears on national team2021 – Present (USA)ClubWorld Champions CentreCollege teamUCLA ...

Motorway in England M56North Cheshire Motorway Shown in North West England Show map of North West England Shown with the UK motorway network Show UK motorways mapLooking east from Junction 14Route informationPart of E22 Maintained by National HighwaysLength33.3 mi (53.6 km)Existed1971–presentHistory Opened: 1971 Completed: 1981 Major junctionsEast endCheadleMajor intersections J1 → M60 motorway J9 → M6 motorway J15 → M53 motorway West endMollington LocationCou...

 

Suburb in Petaling Jaya For other places with the same name, see Damansara. This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Damansara, Selangor – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (January 2018) (Learn how and when to remove this template message) Damansara is a suburb in Petaling Jaya, a mukim in ...

 

Rural Municipality in Bagmati, NepalIndrasarowar (RM) इन्द्रसरोवर गाउँपालिकाRural MunicipalitySomewhere in Kulekhani (Indrasarowar)Indrasarowar (RM)LocationShow map of Bagmati ProvinceIndrasarowar (RM)Indrasarowar (RM) (Nepal)Show map of NepalCoordinates: 27°34′38″N 85°10′25″E / 27.57722°N 85.17361°E / 27.57722; 85.17361Country   NepalProvinceBagmatiDistrictMakwanpurWards5Established10 March 2017Gover...

Artistic, literary and intellectual movement Part of a series on the History of Scotland Eras Prehistoric (timeline) 12,000 BC–700 BC During the Roman Empire 69–384 Middle Ages Early High Late Early Modern Modern History (timeline) Rule House of Alpin (843–878; 889–1040) House of Moray (1040–1058) House of Dunkeld (1058–1286) House of Balliol (1292–1296) House of Bruce (1306–1371) House of Stuart (1371–1652) (1660–1707) Commonwealth (1652...

 

Struktur kimia dari dua polielektrolit sintetis, sebagai contoh. Sebelah kiri adalah poli(natrium stirena sulfonat) (PSS), dan di sebelah kanan adalah asam poliakrilat (PAA). Keduanya merupakan polielektrolit bermuatan negatif ketika terdisosiasi. PSS adalah polielektrolit 'kuat' (sangat bermuatan dalam larutan), sedangkan PAA bersifat 'lemah' (bermuatan parsial). Definisi IUPAC Molekul polielektrolit: Suatu makromolekul di mana sebagian besarsatuan penyusunnya memiliki gugus yang dapat terio...

 

County in Zhejiang, People's Republic of ChinaSongyang 松阳县SungyangCountySongyangLocation of the seat in ZhejiangCoordinates (Songyang County government): 28°26′53″N 119°28′52″E / 28.448°N 119.481°E / 28.448; 119.481CountryPeople's Republic of ChinaProvinceZhejiangPrefecture-level cityLishuiTime zoneUTC+8 (China Standard)Postal code323400Websitewww.songyang.gov.cn Songyang County (simplified Chinese: 松阳县; traditional Chinese: 松陽...

4th century BC Theban homosexual military unit Not to be confused with Theban Legion. For other uses, see Sacred band. Sacred Band of ThebesἹερός ΛόχοςActive4th century BCCountryThebesAllegianceThebanBranchTheban armyTypeHeavy infantryRoleFrontal assaultHand-to-hand combatPhalanxRaidingSize300 menMilitary unit The Sacred Band of Thebes (Ancient Greek: Ἱερός Λόχος, Hierós Lókhos) was a troop of select soldiers. According to some ancient Greek claims, 150 pairs of male l...

 

Afro Candy Información personalNombre de nacimiento Judith Chichi Okpara Mazagwu Nacimiento 12 de julio de 1971 (52 años)Ikeduru (Nigeria) Nacionalidad NigerianaReligión Cristianismo Lengua materna Idioma igbo Características físicasOjos Marrón castaño Cabello Cabello negro FamiliaCónyuge Bolton Hijos 2 Información profesionalOcupación Actriz pornográfica, modelo erótica, modelo, compositora de canciones, directora de cine y productora de cine Años activa desde 2004[editar d...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!