Marie Adrien Perk

Marie Adrien Perk.

Marie Adrien Perk (Delft, 23 april 1834 - Amsterdam, 15 desimber 1916) wie in Nederlânsk teolooch, predikant en skriuwer.

Perk wie de heit fan dichter Jacques Perk, in foarrinner de beweging fan Tachtich. Hy is ek pake fan Edward Voûte, boargemaster fan Amsterdam yn de Twadde Wrâldkriich.

Wurkpaad

Perk wenne yn Doardt en Breda en stie úteinlik fan 1872 ôf as dûmny by de Waalske gemeente yn Amsterdam. Yn Doardt wie Perk presidint fan de troch him oprjochte goalerakommissy, doe't dêr 1866 en 1867 in epidemy hearske en wie er de oprjochter fan de Vereniging tot verbetering der volksgezondheid; ek dêrfan wie er de foarsitter. Dêrnjonken wie er lid fan it bestjoer fan it departemint Dordrecht fan de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen en fan de kommissy foar de werhellings- en ferfolchskoalle, sekretaris fan it genoatskip Diversa sed Una, de Doardske ôfdieling fan de Hollandse Maatschappij van fraaie kunsten en wetenschappen en (fan 1863 ôf) algemien foarsitter dêrfan.

Yn Breda (1868-1872) wie Perk mei-oprjochter en presidint fan it Sint Nikolaas Komitee; doe't it leger yn 1870 mobilisearre waard en in protte húshâldings fan militêren efterbleaunen naam er it inisjatyf ta de oprjochting fan it Comité ter ondersteuning van achtergelaten betrekkingen. Fierder wie Perk meistichter en bestjoerssekretaris fan it Bredaaske Komitee fan it Reade Krús; yn dy funksje makke er mei de presidint, admiraal Gerhard Christiaan Coenraad Pels Rijcken in muoisume reis nei de festing Metz mei in konvoai fiedsel en ferlegingsmiddelen, fuort nei de kapitulaasje fan Metz. Dêr bleau er in skoft as geastlik fersoarger op útnûging fan it Nederlânske Haadkomitee fan it Reade Krús en skreau dêroer in brosjuere Een bezoek aan Metz in 1870. Ontmoetingen en indrukken, opgedragen aan H.M. koningin Sophie fan de Nederlannen. Werom joech Perk foardrachten oer syn tiid yn Metz om jild op te heljen foar de slachtoffers fan de oarloch op it plattelân, dy't alles kwytrekke wienen, en it slagge him om 2.000 gûne byelkoar te krijen.

Yn Amsterdam wie Perk (fanôf 1872) trije jier presidint fan de Vereniging tot veredeling van het Volksvermaak, letter earepresidint en foarsitter fan de kommissy foar de organisearre keunstjûnen en foardrachten foar it folk, soks yn de mande mei de Maatschappij voor de Werkenden Stand. Fierder wie er ien fan de stichters en seis jier foarsitter fan de feriening Floralia en droech er ta de útwreiding fan de Floraliabwegeing yn it hiele lân middels publikaasjes yn tal fan blêden. Perk trede geregeldwei op as algemien sekretaris fan de Hollandse Maatschappij van fraaie kunsten en wetenschappen en wie teffens in stikmannich jierre preidint fan de Amsterdamske ôfdieling fan it Toanielferbûn, letter algemien sekretaris. Hy wie meistichter fan de yn 1876 oprjochte Vereniging tot verbetering van het lot der blinden in Nederland; ôffurdige (mei Jaques Wertheim en Abraham Kuyper) fan it komitee foar Transvaalske Saken, dêr't er ficepresidint fan wie, en lei mei de deligearden fan it Utertske komitee (professor P. Harting, Jacobus Anthonie Fruin, Gerard Jacob Theodoor Beelaerts van Blokland en Dr. H.F. Jonkman) de grûnslaggen fan de Nederlandse-Zuid-Afrikaanse Vereniging.

Ds. Perk wie Ridder (1877) en letter Offisier (1885) yn de Oarder fan de Ikekroan.

Skriuwer

M.A. Perk, tekening fan H.J. Haverman (1897)

Fan Perk ferskynden ferskate opstellen yn De Gids, De Tijdspiegel, Nederland, Leeskabinet, Tijdstroom, Europa, Elseviers Maandschrift, De Nederlandsche Spectator, Eigen Haard, de Portefeuille, Nieuw en Oud, Gustaaf Adolf, it tydskrift fan it Keninklik Nederlânsk Ierdrykskundich Genoatskip en it Bulletin de la Commission de l'Histoire des Eglises Wallonnes; fierders ek yn in ferskaat oan dei -en wykblêden, almanakken en samlingen fan stichtlike literatuer.

Oeuvre (karút)

  • 1860. Beknopte geschiedenis van het Protestantisme, een huis -en handboek. Met voorrede van Bernard ter Haar.
  • 1874. Strijders. Taspraak yn Kamp van Milligen, septimber 1874. Trijeris fannijs printe.
  • 1876. De kerk en het toneel.
  • 1880. Schetsen uit Luxemburg. (letter yn it Frânsk oerset, trijeris werprinte).
  • 1882. In de Belgische Ardennen.
  • 1885. Une visite à Mondorf-les-Bains. Luxembourg. Guide du Baigneur et du Touriste.
  • 1885. La révocation de l'Edit de Nantes et ses conséquences pour les Eglises Wallonnes. Discours pour l'ouverture de la Réunion des Députés des Eglises Wallonnes à la Haye le 15 juin 1885.(en yn it Nederlânsk oerset).
  • 1886. De toneelarbeid van een non uit de tiende eeuw.
  • 1887. De troubadours.
  • 1888. Uit vervlogen eeuwen, in Oost en West.
  • 1888. De glorierijke terugkeer van de Waldenzen in hun valleien, na twee eeuwen herdacht.
  • 1892. Luxemburgiana.
  • ?. Zes jaren in Tripoli in Barbarijen. Uit de gedenkschriften van een Nederlandse vrouw.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!