Julius Falearius Majorianus (Latyn: Julius Valerius Maiorianus; sa. 420 – 7 augustus461), almeast bekend as Maiorianus of Majorianus, wie keizer fan it Westromeinske Ryk fan 28 desimber457 ôf oant 2 augustus461. Hy hearske ynearsten allinnich oer Itaalje en slagge deryn ûnder syn regear it Romeinske gesach werom te bringen yn dielen fan Galje en Spanje.
Nei de dea fan Valentinianus III besocht hy, lykwols sûnder súkses keizer te wurden, syn poging nei de dea fan syn foargonger Petronius Maksimus keizer te wurden mislearre: it poarper gong nei Avitus.
Yn 456 sette hy mei help fan de Germaanske generaal Risimer (dy't efter de skermen in protte feitlike macht hie) Avitus ôf as keizer, nei dizze keizer ferslein te hawwen by Piacenza. Seis moannen letter op 28 desimber waard Maiorianus sels. It eastlike part fan it Ryk woe him lykwols net erkenne.
Majorianus fersloech yn 458 de Fandalen by Kampanje, en yn 460 de Fisigoaten. Mar syn folgjende fjildtocht tsjin de Fandalen rûn út op in grut fiasko. Hy hie in grutte float byinoar samle foar Kartagena, dat troch in slûchslimme trúk fan de Fandalenkening Geiserik sawat hielendal ferneatige waard.
Nei dizze nederlaach sakke de reputaasje fan Majorianus by it leger hurd. By it Romeinske folk bleau hy lykwols populêr, benammen fanwege in oantal wetten dy't hy makke hie, lykas in wet dy machtsmisbrûk tsjin gong fan hege amtners. Al mei al wie it allegear net nei it sin fan Risimer, dy't it leger tsjin him opsette. Nei in ôpstan yn Lombardije waard Majorianus troch Risimer twongen op 2 augustus 461 ôf te treden. Fiif dagen letter waard hy fermoarde.