Maarten Pennewaard (Harns, 1961) is haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. [1]
Oplieding
Nei it atheneum oan de RSG Simon Vestdijk yn Harns folge er in stúdzje bedriuwskunde en MBA (strategy, feroaring en consultancy)
Karriêre
Pennewaard waard yn 1981 learling-sjoernalist by de LC en wie ferslachjouwer by ferskate redaksjes, sjef fan redaksjes regio en binnen-buitenland. Yn 1992 wurke er by de Geassocieerde Pers Diensten en die yn dy tiid ûnder oare ferslach fan de Bijlmerramp. Letter die er projektûntwikkeling foar redaksjes, interim-manager radiotakke en wie ûnderwiisferslachjouwer en marketing. Yn syn marketingtiid wie er projektlieder by de ynfiering fan apps foar de LC, it Frysk Deiblêd en it Deiblêd fan it Noarden.[2] Yn desimber 2023 waard er beneamd as haadrekteur nei in periode as waarnimmend-haadredakteur nei it fuortgean fan Sander Warmerdam.
Fanút syn hobby is hy sûnt 2004 game-resinsint foar de LC en it Deiblêd foar it Noarden.
Ferskaat
Pennewaard waard yn 2010 foarsitter fan de Ljouwerter kuorbalferiening KLV. Yn 2019 wie hy sjuerylid by de Fryske Underwiispriis. [3]
Boarnen, noaten en referinsjes