Lawrence Van Gelder (folút: Lawrence Ralph Van Gelder; New York, 17 febrewaris 1933 – dêre, 11 maart 2016) wie in Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus en dosint sjoernalistyk.
Libben en karriêre
Komôf, jonkheid en oplieding
Van Gelder waard yn 1933 berne yn New York yn in famylje fan etnysk Nederlânsk komôf. De foaroansteande biolooch Richard Van Gelder wie syn broer, en Gordon Van Gelder, in boekeredakteur en de útjouwer fan The Magazine of Fantasy & Science Fiction, wie syn omkesizzer. De argeologe Leslie Van Gelder wie ek in omkesizzer fan him. Van Gelder krige syn oplieding oan 'e Columbia Universiteit, dêr't er yn 1953 ôfstudearre.
Karriêre
Yn syn lange karriêre wurke Van Gelder by ferskate kranten yn syn berteplak New York. Dêrûnder wiene de New York Daily Mirror, de New York Journal-American en de World-Journal-Tribune. Oant en mei 2010 wie er senior redakteur fan it wyklikse katern Arts and Leisure ("Keunsten en Frije Tiid") fan The New York Times. Dêrnjonken skreau er ek filmresinsjes foar dat deiblêd.
Ferstjerren
Lawrence Van Gelder ferstoar yn 2016 yn 'e âlderdom fan 83 jier oan leiomyosarkoom, in foarm fan kanker.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes