Landsberg oan de Lech (Landsberg am Lech, meast allinne Landsberg neamd) is in plak yn de DútskedielsteatBeieren dat oan de rivier de Lech leit. It is de Kreisstadt fan it Landkreis Landsberg am Lech. Landsberg hat in goed bewarre bleaun stedssintrum, mei in barok riedhûs oan it âlde merkplein. Mei de goed bewarre midsiuwske bemuorring hat de stêd in pitoresk karakter.
It sintrum leit op de eastigge fan de Lech tsjin in hichte oan. Op 't heden leit Landsberg op beide iggen fan de Lech.
Landsberg leit oan de Romantische Straße. Krekt foar't de Lech Landsberg yn komt, is in keardaam boud; sadwaande hat de Lech streamop mear fan in mar as fan in rivier. Yn Landsberg sels hat de Lech wer de breedte fan in rivier. Op 'e hichte fan it sintrum leit in wetterfal yn de Lech.