La Condition humaine (Frânsk, betsjutting: "De minsklike kondysje") is in roman út 1933, fan de Frânske skriuwer Georges André Malraux.
Ynhâld
De roman beskriuwt de revolúsjonêren Chen Ta Erh, Kyo Gisors en Katov, dy't ûnder de Sineeske Boargeroarloch yn 'e Sineeske stêd Shanghai in opstân organisearje mei help fan 'e Frânske smokkelder baron Clappique. Net allinnich wurdt in histoaryske sitewaasje beljochte lykas de rebûlje en de striid tusken de ferskate faksjes, mar yn elts skynt ek in libbensfilosofy troch, de problemen dy't fuortkomme út de dieden en dea foar eat dêr't men yn leaut: in aktive dea en net in loslitte passive stjerren. Chen en Kyo komme troch eigen hân om, wylst Katov de iennichste is dy't fermoarde wurdt. Clappique falt ta proai oan obsessyf gokken, wat er beskôget as "selsmoard sûnder ferstjerren".
Sjoch ek